Aliza Rusk, echte namme ûnbekend (Riga, 28 jannewaris 1974), is in rêstend Letsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Russysk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenamme Aliza. Hja is 1.80 m lang.

Aliza Rusk
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Letsk
berne 28 jannewaris 1974
berteplak Riga (Letlân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Rusk is hikke en tein yn 'e Letske haadstêd Riga, as lid fan 'e grutte etnysk Russyske minderheid yn Letlân. Hja gie yn 1995, doe't se 21 jier wie, op audysje by de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, doe't dy yn Letlân op 'e sneup wie nei nij talint. Datselde jiers noch spile se yn fiif fan Woodman syn pornografyske films, allegear foar de Sweedske Private-studio. It jild dat se dêrmei fertsjinne, brûkte se om har stúdzje mei te bekostjen.

Under dy fiif films wie ien ôflevering fan it Private Triple X-fideomagazine en ek de yn 1997 útbrochte audysjefideo Private Castings X 2, wêryn't sabeare Rusk har alderearste audysje fêstlein wie. Fierders hie se de haadrol yn 'e films The Tower diel 1, 2 en 3, dy't yn Parys opnommen waarden. De Internet Adult Film Database (IAFD) neamt noch in fjouwertal oare films op, mar dat lykje kompilaasjes fan âld materiaal te wêzen. Njonken har wurk as aktrise posearre Rusk ek teminsten ien kear allinne mar neaken foar it pornoblêd Private Magazine.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: