Larry Flynt
Larry Flynt (folút: Larry Claxton Flynt jr.; Lakeville (Kentucky), 1 novimber 1942 - Los Angeles, 10 febrewaris 2021) wie in Amerikaansk produsint en útjouwer fan pornografy en miljonêr. Hy groeide op yn earmoede, mar fertsjinne in kaptaal mei de útjefte fan it blêd Hustler. Sûnt in moardoanslach yn 1978 wied er fan 'e mul ôf ferlamme. Hy stie bekend om syn striid foar de frijheid fan mieningsutering en tsjin skynhilligens yn 'e Amerikaanske polityk. Oan diskant fan 'e Atlantyske Oseaan wied er benammentlik bekend rekke troch de spylfilm The People vs. Larry Flynt, dy't syn libben portrettearre.
Larry Flynt | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Larry Claxton Flynt jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 novimber 1942 | |
berteplak | Lakeville (Kentucky) | |
stoarn | 10 febrewaris 2021 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoprodusint | |
jierren aktyf | 1972 – 2021 | |
offisjele webside | ||
www.larryflynt.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeFlynt waard yn 1942 berne yn Lakeville, yn 'e steat Kentucky, as de âldste fan trije bern yn it gesin fan Larry Claxton Flynt sr. (1919-2005), in gernier,[1] en Edith Arnett Flynt (1925-1985), in húsfrou.[2] Hy hie in jongere broer, Jimmy Ray Flynt (1948) en teffens in jongere suster, Judy (1947-1951), dy't op 'e âldens fan fjouwer jier ferstoar oan leukemy.[3] Flynt groeide op yn earmoede en seach syn heit, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn it Amerikaanske Leger yn Jeropa tsjinne, pas foar it earst doe't er trije jier wie. It ferstjerren fan syn suske feroarsake de skieding, yn 1952, fan syn âldelju. Neitiid libbe Flynt earst twa jier by syn mem yn Hamlet, yn Indiana, foar't er wer by syn heit yn Lakeville ynloek fanwegen it feit dat er net mei syn memme nije frijer troch ien doar koe.[4]
Flynt makke de middelbere skoalle net ôf, mar naaide op syn fyftjinde út en naam militêre tsjinst yn it Amerikaanske Leger troch gebrûk te meitsjen fan in ferfalske bertesertifikaat. Nei't er earfol ûntslein wie, loek er wer by syn mem yn. Hy wurke in blaumoandei yn in autofabryk, mar waard ûntslein nei in fakbûnsaksje. Dêrop joech er him wer by syn heit yn Kentucky en begûn drank te smokkeljen, mar hold dêrmei op doe't er hearde dat de plysje him socht. Nei twa moannen lang op syn broek sitten te hawwen, naam er yn july 1960 tsjinst by de Amerikaanske Marine, dêr't er radarbetsjinner oan board fan it fleandekskip de USS Enterprise waard. Yn july 1964 swaaide er ôf út 'e marine.[5]
Karriêre as sakeman
bewurkje seksjeBegjin 1965 kocht Flynt syn memme kafee yn Dayton, yn Ohio, dat er hielendal fernijde en dêrnei al rillegau omturne ta in winstjaande saak, al wurke er dêr wol tweintich oeren deis foar (hy naam amfetaminepillen om it út te hâlden). Yn 1968 iepene er de earste fan wat in rige stripklubs wurde soe, en neamde dy de Hustler Club. Al gaueftich besiet er Hustler Clubs yn Akron, Cleveland, Cincinnati, Columbus en Toledo, dy't elts mear as $250.000 winst jiers makken.[6]
Yn maart 1972 begûn Flynt de Hustler Newsletter, in fjouwersidige swart-wytútjefte, wêrmei't er syn stripklubs oanpriizgje woe. Dy bliek lykwols sa populêr te wêzen ûnder syn klanten, dat er him yn maaie 1972 útwreide ta sechstjin siden en yn augustus 1973 ta twaentritich siden. Doe't it fanwegen de ekonomyske delgong, feroarsake troch de Oaljekrisis fan 1973, yn it neigean rekke mei syn stripklubs, besleat er om 'e Hustler Newsletter om te foarmjen ta in neakenblêd. Yn july 1974 kaam it earste nûmer fan Hustler út en binnen it jier hied er dêr safolle mei fertsjinne dat er al syn skulden ôfbetelje koe. Fan novimber 1974 ôf waarden yn Hustler saneamde pink-shots (foto's dêr't de fagina's fan 'e modellen op te sjen binne) printe, wat ta grutte kontroverse late. De útjefte fan elts nûmer fan it blêd gie mank mei strideraasjes en deilisskip, mei't withoefolle lju it as obseen beskôgen en fûnen dat it ferbean wurde moast. Koarte tiid letter waard Flynt hifke troch een paparazzo, dy't neakenfoto's nommen hie fan 'e eardere first lady Jackie Kennedy, wylst se yn 1971 op fakânsje oan it sinnebaaien wie. Flynt kocht de foto's foar $18.000 en publisearre se yn augustus 1975 yn Hustler. Fan dat nûmer waarden yn in pear dagen tiid mear as in miljoen eksimplaren ferkocht. Flynt waard der miljonêr troch.[7]
Yn 1976 rjochte Flynt syn bedriuw Larry Flynt Publications (LFP) op, dêr't er al syn aktiviteiten yn feriene, lykas de publikaasje fan Hustler en oanbesibbe blêden as Barely Legal, en de distribúsje dêrfan. Yn 1986 bejoech Flynt him ek op it mêd fan 'e útjefte fan mainstream-tydskriften, mar syn belangen dêryn ferkocht er wer yn 1996, krekt as de distribúsje fan syn pornografyske blêden. Yn 1998 begûn LFP ek pornografyske films te produsearjen, fia de dochterûndernimming Hustler Video. Yn 2000 iepene Flynt fierders it Hustler Casino, yn Gardena, in foarstêd fan Los Angeles.
Oanslach
bewurkje seksjeOp 6 maart 1978 waarden Flynt en syn abbekaat Gene Reeves jr. út in mûklaach wei delsketten doe't se har nei de rjochtbank bejoegen yn Lawrenceville, yn 'e steat Georgia. Reeves rekke lichtferwûne; Flynt rûn permanint letsel oan syn rêchbonke op, mei as gefolch dat er fan dy tiid ôf fan syn mul ôf ferlamme wie en yn in rolstoel siet. De ferwûnings besoargen him yn it begjin oanhâldende slimme pine, wat ta in ferslaving oan pinestillers late, oant by ferskillende operaasjes de skansearre senuwen trochsnien waarden. As gefolch fan ferskate oerdoases pinestillers krige Flynt ek noch in oerhaal, dy't foar him bliuwende útspraakswierrichheden opsmieten.[8]
De dieder fan 'e oanslach op Flynt waard nea pakt, mar jierren letter bekende de rasistyske searjemoardner Joseph Paul Franklin dat hy derefter siet, mei as motyf dat yn Hustler in fotoreportaazje mei ynterrasiale pornografy publisearre wie. Franklin, dy't op 20 novimber 2013 de deastraf krige foar moard, waard nea berjochte foar de oanslach, hoewol't Flynt útspraken die dy't derop wize dat er Franklin syn ferhaal leaude, en guon plysjefunksjonarissen it ek oannimlik lieken te finen.
Priveelibben
bewurkje seksjeLarry Flynt wie fiifris troud. Mei syn earste frou Mary wied er troud fan 1961 oant 1965, mei syn twadde frou Peggy fan 1966 oant 1969 en mei syn trêde frou Kathy fan 1970 oant 1975. Dy trije houliken einigen allegear yn skiedings. Syn fjirde frou, Althea Leasure, mei wa't er yn 1976 troude, stoar yn 1987 oan 'e gefolgen fan in oerdoasis drugs. Yn 1998 troude Flynt mei Elizabeth Berrios, dy't oan syn ferstjerren ta by him bleau. Flynt hie fjouwer dochters en in soan, mei dêropta in protte pakesizzers en oerpakesizzers. Syn dochter Lisa Flynt-Fugate kaam yn oktober 2014 yn Ohio om by in ferkearsûngemak doe't se 47 jier âld wie.
Yn 1977 liet Flynt him bekeare ta evangelysk kristen troch Ruth Carter Stapleton, de suster fan âld-presidint fan 'e Feriene Steaten Jimmy Carter. Dat betsjutte lykwols net dat er him út 'e pornografybrâns weromloek. Syn bekearing duorre mar in goed jier. Neitiid joech er oan dat er ateïst wie.[9]
Flynt ûnturf syn âldste dochter, Tonya Flynt Vega, nei't hja een kristlik anty-pornografyaktiviste wurden wie. Yn har boek Hustled, dat útkaam yn 1998, bewearde sy dat se as bern troch har heit seksueel misbrûkt wie,[10] mar Flynt ûntstried dat en sei dat er datoangeande in leagendetektortest trochstien hie en boppedat yn it besit wie fan in lûdsopname dêr't syn dochter op tajoech dat se de beskuldigings optocht hie út winsucht.[11]
Rjochtsaken
bewurkje seksjeLarry Flynt wie fan 'e santiger jierren ôf behelle yn withoefolle rjochtsaken oangeande de regulaasje fan pornografy en de frijheid fan mieningsutering yn 'e Feriene Steaten, wêrby't er yn it bysûnder de útspraak yn Miller vs. California, út 1973, oanfallen hat, dy't obseniteit útslút fan it Earste Amendemint op 'e Amerikaanske Grûnwet, dêr't de frijheid fan mieningsutering yn fêstlein is. (Dêr moat trouwens by oantekene wurde dat pornografy frijwol altiten troch de saneamde Miller-test komt, dêr't it sûnt dy rjochterlike útspraak oan ûnderwurpen wurde moat.) De earste kears dat Flynt ferfolge waard foar it publisearjen fan obseniteit wie yn 1976; hy waard doe feroardiele ta 25 jier tichthússtraf, mar siet mar seis dagen fêst en gie frij-út omreden fan in foarmflater.[12]
Itselde jiers waard Flynt oanklage foar kwealaster troch Kathy Keeton, de doetiidske freondinne fan Bob Guccione, de útjouwer fan it konkurrearjende neakenblêd Penthouse, nei't er in kwetsende spotprint oer har yn Hustler ôfdrukke litten hie. Yn Ohio waard haar saak ôfwiisd om't er dêr al ferjierre wie doe't se him oanbrocht, dat doe klage se Flynt oan yn har thússteat Nij-Hampshire. De saak sleepte him fuort en belâne úteinlik yn 1983 foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat Keeton yn it gelyk stelde en dêr't Flynt op in stuit, nei't it skynt, de berucht rekke wurden "Fuck this court!" (frij oerset: "Nei de ferdommenis mei dit hof!") troch de seal raasde. Hy waard dêrop arrestearre foar mislediging fan 'e rjochtbank, mar de oanklacht waard neitiid seponearre.[13]
Yn 1983 waard Flynt ek ferfolge om't er surveillânse-opnamen fan harren misdragende FBI-aginten yn 'e hannen krigen en útlekke litten hie. By dat proses hied er om te provosearjen in Amerikaanske flagge as ruft om. As gefolch dêrfan moast er seis moanne selstraf útsitte foar ûntwijing fan 'e flagge.[14]
Yn 1988 wûn Flynt de wichtige saak Hustler Magazine vs. Falwell, op 'e nij foar it Heechgerjochtshôf, nei't er yn 1983 oanklage wie troch de tillefyzjepredikant Jerry Falwell om't der yn in spotprint yn Hustler suggerearre wie dat dyselde syn earste seksuele ûnderfining opdien hie mei syn eigen mem yn in bûtendoarhúske. Falwell bewearde dêr psychyske skea troch oprûn te hawwen, mar it fûnis makke dúdlik dat publike figueren soksoarte skansearrings net ferhelje kinne op 'e ferantwurdlike, sels net as it mei sin feroarsake is. Nei Falwell syn dea oppenearre Flynt trouwens dat sy beiden, nettsjinsteande harren ferskillen fan miening, troch de jierren hinne befreone rekke wiene. Hy die dêroan ta: "Ik wurdearre altiten syn oprjochtens, ek al wist ik wat er slite woe en wist hy wat ik slite woe."[15]
Yn 1998 en 2003 rekke Flynt fannijs behelle yn rjochtsaken dy't troch it Iepenbier Ministearje tsjin him fierd waarden fanwegen it fersprieden fan obseniteit. Beide kearen rûn it mei in skamper ôf. Yn jannewaris 2009 klage Flynt sels syn beide omkesizzers, Jimmy Flynt II en Dustin Flynt, oan foar it brûken fan 'e famyljenamme foar it produsearjen fan pornografy dy't neffens him fan in ynferieure soarte wie.[16] De rjochter joech him gelyk dat de Flynt-namme in hannelsmerk is en dat syn famyljeleden dy net samar brûke meie om saken te dwaan yn deselde brâns as hy, mar wiisde syn bewearing dat syn privacy skeind wie fan 'e hân.[17]
Polityk
bewurkje seksjeFlynt wie lid fan 'e Demokratyske Partij, al besocht er ienris om presidintskandidaat te wurden foar de Republikeinen. Hy stie bekend om syn krityk op 'e Kommisje Warren (dy't ferantwurdlik wie foar it iennichste offisjele ûndersyk nei de moard op John F. Kennedy, en love $1 miljoen út foar de tip dy't liede soe ta de arrestaasje en berjochting fan 'e echte moardner fan Kennedy. Yn 2003 stelde er himsels kandidaat foar it gûverneurskip fan Kalifornje en einige as sânde fan 135 kandidaten.[18]
Fierders bemuoide Flynt him mear as ienris fan 'e sydline ôf mei de Amerikaanske polityk, troch te besykjen om 'e skynhilligens fan konservative en Republikeinske politisy op seksueel mêd oan 'e kaak te stellen. Dat died er bgl. doe't de Republikeinen yn 1998 ôfsettingsproseduere tsjin 'e doetiidske Demokratyske presidint Bill Clinton besochten te begjinnen, troch $1 mijoen út te loovjen foar bewizen fan Republikeinske skeanskermerij, dy't er letter publisearre yn The Flynt Report. Dat hie û.m. fan gefolgen dat de oankommende foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Bob Livingston opstappe moast. Under de presidinsjele ferkiezingskampanje fan 2008 werhelle Flynt dy wurkwize nochris troch op 'e nij $1 miljoen út te loovjen[19], wylst er ûnder de presidinsjele ferkiezingskampanje fan 2012 $1 miljoen útlove foar ynformaasje oer de belestingoanjeftes fan 'e Republikeinske kandidaat Mitt Romney.[20]
Ek stipe Flynt yn 2004 en 2005 anty-oarlochsaktivisten dy't tsjin 'e Irakoarloch demonstrearren en sette er him allegeduerigen yn foar homorjochten en de ynfiering fan it homohoulik.
Ferstjerren
bewurkje seksjeLarry Flynt kaam op 10 febrewaris 2021 yn Los Angeles yn 'e âlderdom fan 78 jier te ferstjerren oan hertfalen.
Biografyen
bewurkje seksjeYn 1996 ferskynde Flynt syn autobiografy, dy't er tegearre mei ghostwriter Kenneth Ross skreau: An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit, and Social Outcast, wat oerset wurde kinne soe as "In Unfoege Man: Myn Libben as Pornograaf, Sabeare Wize Man en Maatskiplike Ferstjitling".
Yn Jeropa is Flynt fral bekend rekke troch de biografyske film The People vs. Larry Flynt, út 1996, regisearre troch Miloš Forman en ko-produsearre troch Oliver Stone. De titelrol fan dy film waard spile troch Hollywood-akteur Woody Harrelson, en Flynt sels hie der in cameo yn as de rjochter dy't him yn 1976 ta fiifentweintich jier selstraf feroardiele.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|