Ruft
In ruft, hjoed-de-dei ek wol oantsjut mei pamper (eigentlik de merknamme fan de babyruften fan it bedriuw Procter & Gamble dy’t in soartnamme wurden is), is absorbearjend ûnderguod dat yn ’e regel brûkt wurdt troch minsken en somtiids troch laboratoarium- en húsbisten. It giet dan om babys en lytse bern dy’t noch yn ’e broek poepe en pisje, of om minsken dy’t it wetter trochstrings net ophâlde kinne, lykas yn it gefal fan âlderen dy’t lichaamlik of mentaal beheind binne. Teffens kinne ruften brûkt wurde troch persoanen dy’t net op ’e tiid by it húske komme kinne (djipseedûkers, astronauten en sa).
Smoarge ruften moatte op ’e tiid ferskjinne wurde, meast troch in fersoarger, meidat oars yrritaasje fan de hûd ûntstean kin (ruftútslach).
Ruften binne makke fan tekstyl of syntetysk materiaal. Ruften fan tekstyl hawwe ien of mear lagen fan katoen, himp, bamboe of mikrotried en kinne meardere kearen wosken en fannijs brûkt wurde, faak droegen mei in plestik broek deromhinne. Weismytruften befetsje absorbearjende materialen en gemikaliën, hawwe in wettertichte plestik bûtenkant, en wurde weismiten nei gebrûk.
Yn gefal fan gebrûk troch folwoeksenen (of âldere bern) wurdt faak praat fan ynkontininsjemateriaal omdat in ruft yn ferbân brocht wurdt mei lytse bern.
Seksualiteit
bewurkje seksjeRuften, al of net spesjaal útfierd, wurde ek droegen of brûkt troch minsken mei bernige gefoelens, faak yn de setting fan in saneamd Ageplay (ruftfetisjisme).
Ut de skiednis
bewurkje seksjeEarst yn de 19e iuw krige it moderne ruft foarm en brûkten memmen op in protte plakken op ’e wrâld katoenen doeken, al of net fêstset mei in feilichheidsspjelde. Katoenen ruften waarden foar it earst massaal makke yn 1887 troch Maria Allen yn de Feriene Steaten.
It weismytruft waard útfûn troch Marion Donovan (1917-1998) nei’t se eksperimintearre mei wettertichte broekjes foar babys.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Diapers fan Wikimedia Commons. |