Henk Hornstra
Henk Hornstra (Sondel, 30 oktober 1948 - Sint-Anne, 16 novimber 2007) wie in Frysk politikus en bestjoersfoarsitter fan It Fryske Gea. Neist foarsitter fan It Fryske Gea wie Hornstra jierrenlang wethâlder en riedslid fan de gemeente It Bilt en learaar oan de skoallemienskip Ulbe van Houten.
Nei de learareoplieding gie hy as jonge tweintiger nei Sint-Anne om dêr biologyles te jaan op de Ulbe van Houten skoallemienskip.
Mei Anne Tienstra en Klaas Tuinstra stried Hornstra begjin santiger jierren tsjin de sloop fan de ferpaupere wyk Kattenburg yn Sint Anne. Hornstra wie yn 1974 mei-oprjochter fan de Wurkgroep It Bilt. Syn striidmaten Tienstra en Tuinstra bedarren by de PvdA en it CDA.
Troch aksjefieren slagge it him om it ynpolderjen fan 4000 hektare bûtendyks natoergebiet tusken Swarte Harne en Holwert te kearen. Yn 1985 waard er lid fan it deistich bestjoer fan It Fryske Gea en yn 1992 waard er foarsitter fan IFG. Yn dy funksje waard It Fryske Gea yn 1996 foar in diel eigener fan it gebiet dêr't er eartiids foar striden hie, it 655 hektare grutte Noarderleech.
Yn 2007 krige Hornstra de Sulveren Swanneblom foar syn bestjoerslid-maatskip dy't hast in fearns iuw besloech. Yn dy perioade ferdûbele it ledenoantal fan 'It Gea' fan 12.000 nei 25.000 en groeide dy club út ta in profesjonele natoerbeskermingsferiening. Yn 1992 wûn er de Fryske Parsepriis.
Nei tweintich jier riedslidmaatskip waard Hornstra yn 1994 wethâlder fan It Bilt. Dy funksje hâlde er tolve jier. Yn syn lêste jierren stelde Hornstra de skiednis fan de Wurkgroep It Bildt op skrift. Yn Sint Anne is in parkje nei him neamd.