Fryske Parsepriis

De Fryske Parsepriis waard sûnt 13 novimber 1965 jierliks útrikt op it Fryske Parsebal. Doe't de belangstelling foar it Parsebal werom rûn is der yn 2008 ek in punt setten efter de Fryske Parsepriis. Yn 2011 waard de Parsebaltradysje wer ynsteld mei in gearkomst yn de Blokhûspoarte.

Fanwege it jierlikse Parsebal is healwei de jierren sechstich troch de Feriening fan Fryske sjoernalisten (VFJ, in ôfdieling fan NVJ), de beropsferiening en fakbûn fan de Nederlânske sjoernalisten, de Fryske Parsepriis ynsteld. In troch de VFJ oanwiisde sjuery rikte de Fryske Parsepriis jierliks út oan in persoan (of organisaasje) dy't yn it (Fryske) nijs stien hat, "sûnder dêrby de parse te sykjen of te mijen".

Yn de ferpyldere jierren fyftich en sechtich hie elke gesinte har eigen deiblêd. It Friesch Dagblad wie der foar de protestanten, Ons Noorden foar de roomsken en Het Vrije Volk foar de sosjalisten (om It Hearrenfean noch de Friese Koerier) en foar neutralen de Ljouwerter Krante. Ek de sjoernalisten hienen harren eigen fermiddens sadat se elkoar komselden seagen of koenen. In tal sjoernalisten, wêrûnder Hennie Keikes en Henk van der Meulen fan de LC, Fenno Schouwstra fan it Vrije Volk en Arend Algra fan it FD rjochten yn in boppeseal fan hotel Bellevue oan de Nijstêd (yn 2012 sit dêr in winkel fan Bentex) de Vereniging van Friese Journalisten op. Neist it behertigjen fan harren belangen waard der foar de ynformele kontakten en ûnstspanning in sosiëteit oprjochte. Op 10 maart 1965 waard dy iepene troch kommissaris fan de Keninginne Linthorst Homan yn in boppeseal fan Amicitia. In jier letter wie it dien mei dizze sosiëteit dêr't spilers út De Harmonie ynterviewd waarden, oerlis mei radiokollega's wie en dêr't ek parsekonferinsjes hâlden waarden. It bal waard letter hâlden yn De Klanderij, De Harmonie, La Spunta (no Spinoza oan de Iewâl), it Bachkafee, Teäter Romein en De Bres yn de Skoalstrjitte.

Lêste winners bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje