Lusanne van der Gun

Lusanne van der Gun (Aldeberkeap?, 9 juny 1992) waard yn 2003 as skoalfamke fan alve jier ûntfierd út 'e omkriten fan har wenplak Aldeberkeap. Har saak krige in protte oandacht yn 'e media, en rûn (mei dêrtroch) lokkigernôch goed ôf.

Lusanne van der Gun
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lusanne van der Gun
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 juny 1992
berteplak Aldeberkeap?
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt frachtweinsjauffeur
reden
  bekendheid
waard yn 2003 ûntfierd

Op 25 augustus 2003 waard Lusanne steande holden troch in har ûnbekende man, wylst sy en har kammeraatske Carien op 'e fyts ûnderweis wiene nei skoalle. Dy man, dy't letter in Simon S. bliek te wêzen, die him foar as in plysjeman yn boarger. Hy oardere Carien om troch te fytsen en Lusanne om ôf te stappen. Dêrnei blyndoeke er har mei in rôle ferbân, lei har yn 'e kofferbak fan syn auto en ried fuort. Om't der doedestiden noch gjin amber alert bestie, gie der kostbere tiid ferlern ear't de minsken op 'e dyk har bewust wiene fan 'e ûntfiering. In frachtweinsjauffeur hie Lusanne by de auto fan S. opmurken, mar tsjin 'e tiid dat hy begriep wat der oan 'e hân west hie, wie S. al fan auto wiksele.

Lusanne waard troch S. drogearre mei slieppillen oplost yn in flesse Rivella, en brocht trije dagen yn it selskip fan 'e man troch. It wie gleonhjit yn 'e kofferbak en it wie ûnnoflik om hieltyd lizze te moatten. Boppedat hie S. gjin skjinne klean foar har meinomd. It wie S. inkeld te dwaan om losjild, dat Lusanne waard net seksueel oantaast. Wol jage er har de stupen op it liif. Hy joech Lusanne de yndruk dat der twa manlju by har ûntfiering belutsen wienen: Henri en in 'baas'. As se net die wat har sein waard, soe dy baas har yn Belgje ferkeapje oan in klinyk dêr't slim sike bern better makke waarden mei organen fan sûne bern. Nachts liet S. Lusanne efter yn in ôfsletten garaazjeboks. Se sliepte yn 'e auto. Hoewol't de rôldoar fan 'e boks yn it kier stie om wat lucht yn 'e romte ta te litten, doarst Lusanne it net oan en besykje te ûntsnappen. De twadde deis skille S. Lusanne har âlden op en easke 200.000. De plysje fleach it losjild oer nei de wente fan 'e Van der Guns, mar it waard nea útbetelle.

De ûntfiering krige in soad omtinken yn 'e media, en nei alle gedachten waard S. dêrtroch benaud dat er pakt wurde soe. Op 'e jûn fan 'e trêde deis liet er Lusanne yn Fenlo folslein ûnferwachts frij. Hy die har de blyndoek ôf, sette har út 'e auto, drukte har in twa-euromunt yn 'e hân en ried fuort. Dat wie by in hotel, dêr't de útputte Lusanne opfongen waard. Se krige in grut board patat foarset en waard koarte tiid letter ophelle troch de plysje, dy't har mei jankende sirenes nei it plysjeburo yn Amersfoart ried. Dêr waard Lusanne weriene mei har âldelju.

Yn 'e syktocht nei S. smiet in oprop yn it tillefyzjeprogramma Opsporing Verzocht de gouden tip op: in tsjûge hie in famke mei ferbân om 'e holle sjoen dat yn de berm neist de dyk rûn mei in âldere man. De plysje koe doe Simon S. oanhâlde, in man fan 64 jier, dy't fuortendaliks bekende. S. hie yn jildneed sitten en hie miend dat de famylje fan Lusanne, eigner fan in tsiisbuorkerij, fermogend wie. Hy hie alles goed taret. Foarôfgeand oan 'e ûntfiering hied er it hûs in stikmannich kearen observearre. Yn maaie of juny besocht er foar de earste kear Lusanne te ûntfieren, mar dy kear die hja net wat er sei. Ut ûndersyk die letter bliken dat S. allinnich hannele, mar dat hy wol in freon fan him út Drinte op de hichte steld hie fan de ûntfiering. Nei syn berjochting krige S. fiif jier selstraf en moast er oan Lusanne en har âlden in skeafergoeding betelje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Graaf, Jolande van der, "Ontvoering is film in mijn hoofd", yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2018, s.8-9.