Rinse Zijlstra (Easterbierrum, 19 april 1927Beetstersweach, 26 septimber 2017) wie in politikus foar de ARP en letter it CDA.

Rinse Zijlstra yn 1972

Oant 1949 folge hy syn oplieding oan de Ryks Hegere Boargerskoalle yn Harns. Dêrnei studearre hy fan 1949 - 1954 en fan 1956 - 1958 ekonomy oan de Frije Universiteit Amsterdam.

Fan 1963 oant 1966 wie hy lid fan it Sintraal Komitee fan de ARP. Fan 23 febrewaris 1967 oant 10 maaie 1971 wie hy Twadde Keamerlid foar de ARP. Hy wie wurdfierder fan de ARP-fraksje yn de twadde keamer op it mêd fan lânbou, ekonomyske saken en ûntwikkelingsgearwurking. Fan 23 juny 1973 oant 1977 wie hy fise-foarsitter fan de ARP; fan 1974 oant 1975 beklaaide hy dy funksje binnen it CDA.

Hy wie yn 1974 kandidaat foar de funksje fan Kommissaris fan de Keninginne yn Seelân, mar krige dy funksje net. Fan 1 septimber 1975 oant 1 septimber 1981 wie hy boargemaster fan de gemeente Smellingerlân. Hy waard dêr opfolge troch Bert Smallenbroek.

Op 12 april 1983 kaam hy yn de Eerste Kamer foar it CDA. Dêr wie hy bûtenlânwurdfierder en letter ek fjouwer jier ûnderfoarsitter fan de Earste Keamer. Op 13 juny 1995 beëinige hy syn karriêre as senaatslid.

Zijlstra hie bûten syn politike aktiviteiten ek ferskate funksjes yn bedriuwslibben, lânbou en sport. Sa wie hy foarsitter fan it CBTB (1963-1975) en fan de KNSB (1989-1992).

Hy waard op 28 augustus 1968 beneamd as Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau, op 26 augustus 1975 Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en op 6 juny 1995 Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 1980 krige Zijlstra de Fryske Parsepriis.

Rinse Zijlstra wie in broer fan earder minister-presidint Jelle Zijlstra. Hy stoar yn 'e âldens fan 90 jier.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: