Jan Haagsma
Jan Haagsma (Aldegea, 3 febrewaris 1933) is in mikrobiolooch út Maasslûs dy't wurke oan it Sintraal Dierkundich Ynstitút (CDI) yn Rotterdam.
As soan fan in fee-arts studearre hy nei de HBS yn Snits yn Rotterdam Diergenêskunde. Nei oardel jier yn tsjinst gie hy yn 1959 mei syn frou Maaike Nauta út Snits nei Nederlânsk Nij-Guinee en die dêr trije jier ûntwikkelingswurk. Yn 1963 kaam er te wurkjen oan it CDI yn Rotterdam. Yn 1973 promovearre Haagsma oan de Universiteit Utert op it proefskrift Etiology and Epidemology of Botulism in Waterfowl in the Netherlands, dat hjir te lêzen is.
Doe't oan de Tsjûkemar in soad deade einen fûn waarden blykte soks te kommen troch in gefaarlike foarm fan botulisme. Dat ûndersyk waard laat fan Jan Haagsma dy't dêrfoar yn 1975 de Fryske Parsepriis krige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|