De Bres is it ûnderkommen fan Fryske en kulturiele organisaasjes.

It pân is festige oan de Skoalstrjitte 4 te Ljouwert. Der is in gearkomste- en kantoarromte en in seal mei breed ynsetber gebrûk. It gebou waard offisjeel iepene troch kultuerwethâlder frou Y. Bleize op 6 oktober 2006. It gebou moat in ynformeel moetingsplak wurde foar Fryske - en kultuerynstellings en in útfalsbasis foar aktiviteiten mei in leechdrompelich karakter.

De Bres is ornearre foar ûndersteande aktiviteiten:

  • Poadium foar optredens fan Fryske (of oare minderhydstalige) bands en artysten
  • Lêzings, diskusjejûnen en polityk kafee
  • Untfangstromte foar ynternasjonale gasten
  • broeinêst en briedplak foar Fryske en kulturiele organisaasjes
  • toaniel en teater
  • romte jaan foar koarte eksposysjes fan Fryske en allochtoane keunstners
  • multykulturiele feesten
  • brânpunt foar hjoeddeistige Fryske yntellektuele diskusje


Guon fan de belutsen organisaasjes:

  • Fryske Klup Ljouwert
  • Doar
  • Eftrije
  • FYK
  • Vision Africana

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Fryske Klup