Luitzen Stellingwerf
Luitzen J. Stellingwerf wie in boer en bestjoerslid út de Warkumer Wiske tusken Warkum en Hylpen.
Neist boer wie er foarsitter fan de tariedingskommisje fan de ruilferkaveling "Koudum". Stellingwerf wie yn dy funksje meardere kearen yn de slach mei "Fûgeltsjelju" fan VRM. As boer mei 42 bunder lân en mei mear as hûndert kij wie er aktyf yn de Stifting ta Befoardering fan it Lânboukundich Undersyk en de pleatslike ôfdieling fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Letter se er haadbestjoerslid wurde. Doe't de tarieding fan de ruilferkaveling sa goed as klear wie, kaam de Natuurwetenschappelijke Commissie (NWC) ynienen mei in kleem op 1780 hektare natuergebiet. It soenen yn 1976 úteinlik 380 hektare wurde. Foar syn hâlding yn dizze diskusje krige Stellingwerf yn 1977 de Fryske Parsepriis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|