Roy Wesseling
Roy Wesseling (Haarlim, 25 oktober 1964) is in Nederlânsk fuotbaltrainer.
Roy Wesseling is wie oant desimber 2009 aktyf by sneonhaadklasser IJsselmeervogels. Oan it begjin fan it seizoen 2007/2008 wie hy noch trener fan Jong FC Utrecht, mar dy klup soe hy yn de winterstop ferlitte om by IJsselmeervogels oan de slach te gean.
Wesseling, dy't foarôfgeand oan Jong FC Utrecht trainer wie fan Cambuur Ljouwert koe it twadde seizoen by Cambuur net ôfmeitsje omdat hy op non-aktyf setten waard troch it bestjoer. Dit kaam trochdat hy mei Cambuur teloarstellende resultaten boekte. Gerrie Schouwenaar (assistint) en Wim de Ron (keepertrainer) namen de funksje fan Wesseling oer. Hy wie ek trainer fan FC Haarlem (2003-2005) en de amateurs fan SV Huizen (2000-2003), ADO'20 (Heemskerk, 1997-2000), Stormvogels (1996-1997). Dêrfoar wie Wesseling jeugdtrainer by Haarlem (1995-1996) en trainer fan de Haarlem-amateurs (1992-1995).
Roy Wesseling kaam as fuotballer út foar Telstar (1981-1983), EDO (amateurs; 1983-1984), Haarlim (1984-1985), Haarlim (amateurs; 1985-1990) en de Keninklike HFC út Haarlim (1990-1991).
Prestaasjes
bewurkje seksjeAs trainer waard Wesseling yn 2002 kampioen by de Huizense sneonamateurs. In jier letter slagge hy dr sels yn om de algehiele amateurtitel yn de wacht te slepen.
Roy Wesseling is yn it betelle fuotbal as trainer minder súksesfol. Mei Cambuur Ljouwert einige hy yn it seizoen 2005/2006 op in 15e plak yn de earste difyzje. Yn it seizoen 2006/2007 waard syn ploech op blamearende wize útskeakele yn de KNVB beker troch haadklasser ASWH. De resultaten mei Haarlim wienen net folle better. Yn 2004 en yn 2005 waard hy 13e mei dy klup yn deselde difyzje. Yn it seizoen 2006/07 -wêryn't hy ûntslein waard by Cambuur- die hy it al wer min as trainer. Cambuur stie dêrtroch ek dat seizoen teloarstellend leech yn de kompetysje. Yn 2006 wûn Wesseling de Fryske Parsepriis.
By IJsselmeervogels wurdt hy yn 2008/09 ôfdielingskampioen yn de Haadklasse B. Neidat earder bekend waard dat de klup nei it seizoen 2009/10 net mei him troch gean soe, waard Wesseling op 22 desimber 2009 ûntslein troch IJsselmeervogels. It bestjoer miende dat der gjin draachflak mear wie om troch te gean, mei troch inkele konflikten tusken Wesseling en bepalende spilers.
Sûnt in skoft is Wesseling scout foar AFC Ajax.