Hero Werkman (30 septimber 1944) út Sânhuzen wie PvdA-riedslid en letter wethâlder fan Weststellingwerf.

Yn 1990 krige Werkman de Fryske Parsepriis.[1] Ein 1991 sei er syn partijlidmaatskip fan de PvdA op omdat er it net iens wie mei it lanlik belied fan syn partij. Hy rjochte in eigen partij op: de Sociaal Democratische Partij, dy't yn 1994 mei fjouwer sitten yn de ried kaam.

Hero Werkman troude yn 1974 mei de PvdA-politika Geke Faber, de lettere steatssekretaris fan Natoer yn it kabinet kabinet-Kok II (1998-2002).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante 13 maart 2002