Roel Cazemier
Roelf Sikkes (Roel) Cazemier (Oldebroek, 12 april 1959) is in Nederlânsk politikus en bestjoerder. Hy is lid fan de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD).
Cazemier studearre rjochten en wie fan 1984 oant en mei 1991 amtner by de Provinsje Fryslân. Fan 1991 oant 1994 wie hy boargemaster fan Ruinerwold yn Drinte, fan 1994 oant 2000 wie er boargemaster fan It Amelân en fan 2000 oant 2008 boargemaster fan Dongeradiel. Yn dy funksje wûn er yn 2001 de Fryske Parsepriis en krewearre er foar de oanlis fan de Sintrale As. Fan 2004 oant 2008 wie hy ek foarsitter fan de Rie foar it Waad. Ek is er de foarsitter fan it Sint Anthonie Gasthuis.
Fan 1 april 2008 oant 1 septimber 2009 wie Cazemier algemien direkteur fan Omrop Fryslân. Yn maaie 2009 kundige hy syn fertrek oan, omdat it iepenbier bestjoer him better lei as de mediawrâld.
Dêrnei wie Cazemier fan 2009 oant 2016 boargemaster fan de Twintske fúzjegemeente Dinkelland. Op 2 febrewaris 2016 hat de gemeenteried fan de gemeente Krimpenerwaard Cazemier foardroegen as boargemaster fan dy gemeente. Yn maart 2016 waard bekend dat Ineke Bakker beneamd is ta waarnimmend boargemaster yn Dinkelland, yn ôfwachting fan in definitive beneaming fan in nije boargemaster. Op 4 april 2016 is Cazemier ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Krimpenerwaard. Yn maart 2021 liet Cazemier witte dat er net beskikber is foar in twadde termyn as boargemaster fan dizze gemeente. By syn ôfskied as boargemaster yn jannewaris 2022 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Persoanlik
bewurkje seksjeOp 9 septimber 1988 is er troud mei Ineke Boskma. Sy hawwe twa bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|