Roel Oostra
Roelof Jacobs (Roel) Oostra (Easthim, 29 augustus 1921) wie oprjochter, tekstskriuwer en regisseur fan it Fryske kabaretselskip De Spinnekop.[1]
Hy brocht syn legere skoaltiid troch yn Wolvegea. Yn 1962 waard Oostra direkteur fan it kultureel sintrum De Lawei yn Drachten en soe dat 25 jier bliuwe. Yn 1971 krige hy de Fryske Parsepriis. Yn de jierren 1996 - 2002 skreau en produsearre Oostra noch fjouwer programma's yn it Stellingwerfsk foar et Stellingwarfs kabberet.
Yn 2008 eare De Lawei Oostra mei it omneamen fan de 'lytse seal' ta de Roel Oostraseal. Oostra fierde yn 2021 syn 100e jierdei.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|