Hendrik van der Wielen
Hendrik Gerardus Wilhelmus van der Wielen (Utert, 1 july 1903 - Oerterp, 4 oktober 1999), sosjaal-geograaf, bestjoerder fan kulturele organisaasjes en lieder fan de folkshegeskoalle te Allardseach.
Karriêre
bewurkje seksjeVan der Wielen promovearre yn Amsterdam yn 1930 op it proefskrift Een Friesche landbouwveenkolonie (Opsterlân). Yn 1931 wie er bestjoerslid fan de Vereniging tot Stichting van Volkshogescholen. Hy late de Folkshegeskoalle Allardseach fan 1932 oant 1940 en fan 1945 oant 1949. Yn 1940/1941 wie er algemien sekretaris fan de Nederlânske Uny en yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Nei 1949 wie er ek lanlik lieder fan 'e folkshegeskoallen.
Hy wie bestjoersfoarsitter fan de Fryske Kultuerried tusken 1948 - 1965, fan de Advysried foar de RON (sûnt 1975 RONO (1956-1967) en fan it bestjoer (ûnderfoarsitter) fan de Fryske Akademy (1960-1961).
Yn 1968 waard him de Fryske Parsepriis takend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|