F.F.J. Bernlef

(Trochferwiisd fan FFJ Bernlef)

FFJ Bernlef is in studinteferiening foar Fryske jongerein in Grins. De offisjele namme is FFJ Bernlef, wat stiet foar Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef. Bernlef is in studinteferiening mei in sterke Fryske identiteit, dy't oansletten is by de Contractus en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.

FFJ Bernlef
algemiene ynformaasje
type org. Fryske studinteferiening
fêstige yn Grins
off. taal Frysk
oprjochte 1925
offisjele webside
Webstee FFJ Bernlef

Earste jierren

bewurkje seksje

Begjin maart 1925 die Ruerd Heech yn de doetiidske Universiteitskrante in oprop oan alle Fryske studinten yn Grins. It Grinzer studintekorps Vindicat Atque Polit hie doetiids al in dispút foar Fryske studinten, Frisia. Mar Heech tocht dat der belangstelling wie foar in net-korporale Fryske studinteferiening. De foarste gearkomste wie op 20 maaie 1925. Der wienen 6 manlju en 1 frou by oanwêzich. De earste jierren fan de feriening wienen dreech, it ledetal waard net grut en it tal aktiviteiten fan de feriening likemin. Mids jierren ’30 gie it stadichoan better; de feriening waard grutter en der waarden in soad literêre en skiedkundige aktiviteiten hâlden.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn it foarste jier fan de Twadde Wrâldkriich mochten de leden fan Bernlef harren aktiviteiten trochsette fan de besetter. Yn 1942 feroare dat. Alle aktiviteiten fan de feriening waarden doe stopsetten. Bernlef gie yn it geheim troch mei har aktiviteiten. Troch dat alles geheim wie, binne út dy tiid lykwols net in soad dokuminten bewarre bleaun.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Yn de jierren ’60 wie de "medyske praatrûnte" ien fan de grutste faktoaren yn it fuortbestean fan Bernlef. Hoe't dy rûnte ûntstien is, (in 'rûnte' is ferlykber mei in dispút) is net bekend; wol is bekend dat de leden neat mei medyske saken te krijen hienen. Hja organisearren politike, literêre, en skiedkundige jûnen, dêr’t foaral omtinken jûn waard oan de Fryske taal en kultuer. Yn dy tiid hie Bernlef noch gjin eigen pân, sadat de gearkomsten by minsken thús as oars yn kroegen organisearre waarden. Noch hieltiten, anno 2022, moetsje de MP-ers fan doe inoar jierliks.

It Bernlef fan de jierren '70 wie tige aktyf polityk en maatskiplik dwaande. Bernleffers strieden foar de Fryske saak, dêr't in grut oantal fan de leden foar de Fryske autonomy wienen. Dit is werom te sjen yn it grutte oantal leden wat ek lid wie fan de Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy (FOKA). De FOKA organisearre in soad aksjes om minsken bewust te meitsjen fan de Fryske taal. Sa waarden yn begin jierren 70 tillefoanboeken ferbaarnd foar it haadkantoar fan de PTT, omdat de doetiidske PTT guon offisjele plaknammen net yn it tillefoanboek delsette woe, om't dy "Frysk" wiene.

Yn de gearkomsteferslaggen fan 1965 is al werom te finen dat der praat waard oer in eigen pân. Yn 1971 koe de feriening fan de gemeente in âld bananepakhús pachtsje. Trochdat dit al in oantal jierren net ûnderhalden wie, koe Bernlef it foar in moai pryske krije. Sûnt 1971 hawwe der in trijetal grutte ferbouwings west, dêr't it pân no troch oan de notiidske easken foldocht. Letter koe it pân oankocht wurde, sadat it folsein eigendom wie. Sûnt 1982 is it pân ûnderbrocht yn de Stifting Eigen Honk Bernlef.

Jierren 80/90

bewurkje seksje

Wylst de jierren '70 by Bernlef yn it teken stienen foar Fryske kulturele autonomy, waard de sfear rêstiger yn de jierren '80. De feriening feroare stadichoan yn in 'geselligens'feriening. Dat barde net sûnder in soad diskusje. De feriening wie dan ek yn de jierren ‘80 yn twa groepen ferdield: minsken dy’t nei Bernlef kamen foar de Fryske striid en minsken dy’t nei Bernlef kamen om in lekker pilske oan de bar te drinken. De lêste groep minsken waard grutter, ûnder oaren trochdat mear klam lein waard op de KEI-wike, it eigen pân en it feit dat in soad ôffalligen fan Frisia lid waarden by Bernlef.

Kameleon-film

bewurkje seksje

Al feroare Bernlef geandewei yn in geselligensferiening, de Fryske identiteit ferdwûn dêr net mei. Dit is werom te sjen troch in aksje, hâlden in 2003. Yn dat jier kaam de Hollânsktalige film "De Schippers van de Kameleon" regissearre troch Steven de Jong út. De leden fan Bernlef wienen fan betinken dat yn de film Frysk sprutsen wurde moast, omdat it ferhaal ommers ek yn Fryslân spilet. De leden besletten in parody te meitsjen, dit waard "De Kameleon Sjocht yn it Waar". Yn de film spilen leden fan de feriening mar ek pommeranten as Piet Paulusma, Jaap Nienhuis, Ids Postma en Hans Wiegel. De film waard in grut súkses. Rûnom yn Fryslân waard de film yn doarpshuzen en skoallen fertoand. Utjouwerij Kluitman wie lykwols fan betinken dat Bernlef mei it meitsjen fan de film ynbreuk makke hie op it auteursrjocht, en begûn in rjochtsaak tsjin FFJ Bernlef. De útspraak fan de rjochter kaam yn 2007: Bernlef moast oan de útjouwerij in skeafergoeding fan goed 10.000 euro betelje.

As reaksje op de útspraak hold Bernlef yn de simmer fan 2008 de Benefytsaksje Bernlef Yn Aksje (BYA). Trije dagen lang hat Bernlef in aksje hâlden yn Fryslân. De Alvestêdetocht waard ôflein op in Fytskafee, yn Frjentsjer waard in Fryske kenniskwis hâlden en in Dokkum koenen minsken stride om "de sterkste man"-titel. De Benefytsaksje waard ôfsluten mei in benefytskonsert yn Snits. Oan it konsert wurken ûnder oare Piter Wilkens, Jitiizer, Sebearre, Ernst Langhout en Putkapel mei. De aksje hat hast genôch jild oplevere om it jild fan de boete werom te beteljen. It lêste part fan de boete is opbrocht troch in optreden fan it bekende Fryske tonielstik "Katarsis", skreaun troch Gerrit Breteler, op de soasjeteit fan Bernlef.

Tsjintwurdich

bewurkje seksje

FFJ Bernlef wol him as studinteferiening ûnderskiede troch in iepen belied, dêr’t alle leden lykweardich yn binne. Bernlef hat dêrom ek gjin ûntgriening as in ferplichte yntroduksjetiid. De Fryske identiteit is foar de studinteferiening noch hieltyd tige wichtich. Sa wurdt Frysk hieltyd noch achte de fiertaal fan de feriening te wêzen. De likernôch 10% net-Fryske leden wurde stimulearre it Frysk ek aktyf te learen.

17de lustrum

bewurkje seksje

Yn 2010 bestie Bernlef 85 jier. Fanwege dit jubileum waarden troch it hiele jier ferskate aktiviteiten organisearre. Sa hat Bernlef by bearenburchdistillearderij Weduwe Joustra har eigen drankje meitsjen litten, mei de namme "Bernlef’s Lok". Yn maart waard der in lustrumkongres hâlden, dêr't artysten as Piter Wilkens en Gerrit Breteler spilen. Piter Wilkens hat foar it lustrum ek in ferske foar Bernlef skreaun, "Bernlef Boppe!". It lustrumjier waard ôfsluten mei de Lustrumwike yn april, dêr’t in dokumintêre yn te sjen wie oer de skiednis fan 85 jier Bernlef.

18de lustrum

bewurkje seksje

Yn 2015 is it 18de lustrum fan de Fryske feriening fierd, ûnder lieding fan it bestjoer "Feroaring fan lucht". Foar dit lustrum is der by Weduwe Joustra opnij in lustrumlikeur broud: 'Gouden Tiid'. Dat is in sitroenlikeur mei goudsnipels. De earste flesse is bottele troch Piter Wilkens en de lêste troch Wout Zijlstra, earder sterkste man fan Fryslân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje