Chester A. Arthur
Chester Alan Arthur (Fairfield (Fermont), 5 oktober 1830 – New York City (New York), 18 novimber 1886) wie fan 1881 oant 1885 de 21e Amerikaanske presidint. Hy wie lid fan de Republikeinske partij.
Arthur waard berne as soan fan in út Ierlân emigrearre baptistepredikant. Yn 1848 studearre er ôf oan Union College yn Schenectady. Dêrnei wie er ûnder oaren warber yn it ûnderwiis. Yn de Amerikaanske Boargerkriich tsjinne er yn in logistike ienheid fan syn thússtêd New York. Hy berikte de rang fan kertiermaster-generaal. Fan 1871 oant 1878 wie er belestingûntfanger yn de haven fan New York. Yn 1881 waard er ficepresidint, neist presidint James Garfield. Garfield stoar op 19 septimber 1881 nei in moardoanslach, sadat Arthur ûnferwachte, sûnder ûnderfining op it mêd, presidint waard.
Yn Arthur syn presidintskip kamen wichtige maatskiplike herfoarmingen ta stân, sa as it útskriuwen fan iepen en earlike eksamens foar wichtige beneamingen. Hjirtroch krige Arthur as presidint in frijwat goede namme. By de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn 1884 besocht er fergees om troch syn partij nominearre te wurden foar in twadde termyn, hoewol't er doe al wist dat er in deadlike leversykte ûnder de lea hie. Arthur stoar yn 1886 thús yn New York, dêr't er ek te hôf kaam.
Kabinetsleden ûnder Arthur
bewurkje seksjeKABINETSLEDEN | MINISTEARJE | Perioade | BYsûnderheden: |
James Blaine | Bûtenlânske Saken | 1881 | Itselde ûnder Garfield + B.Harrison |
Samual Kirkwood | Binnenlânske Saken | 1881 - 1882 | Itselde ûnder Garfield |
Robert Todd Lincoln | Oarloch | 1881 - 1885 | Itselde ûnder Garfield |
William Windom | Finânsjen | 1881 | Itselde ûnder Garfield + B.Harrison |
Wayne McVeagh | Justysje | 1881 | Ek ûnder Garfield |
William Hunt | Marine | 1881 - 1882 | Ek ûnder Garfield |
Thomas James | Posterijen | 1881 - 1882 | Ek ûnder Garfield |
Frederick Frelinghuysen | Bûtenlânske Saken | 1881 - 1885 | |
Charles Folger | Finânsjen | 1881 - 1884 | |
Henry Teller | Binnenlânske Saken | 1882 - 1885 | |
Benjamin Brewster | Justysje | 1882 - 1885 | |
William Chandler | Marine | 1882 - 1885 | |
Timothy Howe | Posterijen | 1882 - 1883 | |
Walter Gresham | Posterijen | 1883 - 1884 | Minister fan Bûtenlânske Saken ûnder Cleveland (2) |
Finânsjen | 1884 | ||
Frank Hatton | Posterijen | 1884 - 1885 | |
Hugh McCulloch | Finânsjen | 1884 - 1885 | Itselde ûnder Lincoln + Johnson |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chester A. Arthur fan Wikimedia Commons. |