Djippe Dolte
De Djippe Dolte is in feart by Warkum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Earder rûnen de Djippe Dolte en de Droege Dolte elk oan in kant fan Warkum. No rint de Djippe Dolte dwers troch de stêd. It wetter is mei in skutslûs ferbûn mei It Soal.
Oer it wetter leit de Beginebrêge.
De namme komt fan dolle of grave. Yn de sechtiger jierren hienen de Warkumers in eigen rûnfeartboat dy't ‘Djippe Dolte’ dy't oant de santiger jierren fard hat.
De namme Djippe Dolte jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Diepe Dolte.