Strjitten yn Warkum
Wikimedia-list
De Strjitten yn Warkum:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Aldedyk - De âlde seedyk, sûnt 1624 de slieperdyk fan it Warkumer Nijlân.
- Aldewei - In âlde namme dy't yn de folksmûle bestean bleaun is. It wie in ferbiningswei tusken de terpen dy't oan de eastkant fan de stêd Warkum leine. Dat de wei al hiel âld is, is ôf te lieden út it feit dat de "Nya Wey", foarhinne yn de omkriten fan de Aldewei, yn in oarkonde fan 1468 neamd wurdt.
- Algeraburren - Al yn 1468 neamd as in oan de stêd Warkum fêstgroeide útbuorren. De terp "Algera bura" hat syn namme te tankjen oan de famylje Algera fan Warkum (in oar laach kaam fan it doarp Garyp).
- Ankersmitterij - Al yn 1745 wurdt dit bedriuw fernijd. It stie oan de Djippe Dolte, op 'e hoeke fan it Dwarsnoard en it Houtmolestreekje. Der wenne doe in Johannes Acronius. De smitterij hat der oant 1804 bestien.
- Balkfinne - Neamd nei in stik lân, dêr't dizze strjitte no op leit. De namme hat nei alle betinken te krijen mei de houtseachmole, dy't dêr tsjinoer stie. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee.
- Bascohof - It is de namme fan in pleats, dy't yn dizze omkriten stien hat. Faaks hat Rinnert Alberts Basco, yn 1661 boargemaster fan Warkum, de eigener fan dizze pleats west. Ek de nammen "Bascofenne" en "Bascohuys" (1664), it hûs op 'e hoeke fan de Merk en it Noard, binne noch oantinkens oan him.
- Begine - De namme is ûntstien nei de stifting fan it kleaster fan de Beginen Mariënacker (1457), dat lei oan it hjoeddeistige Turflân. De Begine wie de ferbiningswei tusken it kleaster en it sintrum fan de stêd. Yn in oarkonde út 1520 komt noch de âld-Fryske "Beghynestreeta" foar.
- Blokmakkerij - Foarhinne in bedriuw op it Dwarsnoard, dêr't skipskatrollen makke waarden. Dy bedriuwen waarden faak kombinearre mei mêstmakkerijen, dêr't yn Warkum twa fan wiene.
- Blomikkers - Yn argyfstikken wurdt in stik lân oan de westkant fan Warkum tusken de Waterliesen en de Wide Feart "bloemvenne" (1694) en "blomvenne" (1804) neamd. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- Breewarsdyk - Neamd nei it eilân yn de Warkumermar. It Breewar is no in hichte yn de polder. It die foarhinne, sûnt de earste helte fan de foarige iuw ûnderoaren tsjinst as hurdsylpôle (starteilân) by it Warkumer hurdsilen. Al yn 1584 neamd as "Brewaer" en "Breedtwerd" (1622), letter ek wol ferfoarme as "Breven".
- Broubank - In namme dy't in pear kear yn 17e-iuwske keapakten foarkomt en ûnder oaren yn 1625 lokalisearre wurdt by Snakkerburren. In broubank is in skiphelling dy't spesjalisearre is yn it brouwen fan skippen. Brouwen is it tichtstopjen fan naden tusken de planken fan de skippen.
- Brouwersdyk - Op it plak fan de trochbraak fan de wei nei Ferwâlde hat in bierbrouwerij stien. Der is tidens de trochbraak in gevelstien fûn fan twa manlju dy't in fet bier fuortsjouwe. Yn de omkriten rint de Brouwersfeart.
- Bûterikkers - De namme is ûntliend oan in stik lân yn it Heidenskip. It lei oan de westkant fan de "Leijsleat" en wurdt ûnderoaren yn 1765 neamd as "de Boterkampen". By it wurd "bûter" soe men oan bûterblommen tinke kinne of oan giele blommen, dy't yn it fjild stean, mar men kin ek tinke oan fruchtber lân, dêr't it goed op bûterje wol. De wisânsje om it lân nei de opbringst dêrfan te ferneamen komt faker foar. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- De Burd - In hiele âlde namme, dy't al foarkomt op de kaart fan Geilkercken út 1616. Ien fan de âldste wenkearnen oan de eastkant fan Warkum oan de Aldewei. It lei oan de kant fan in feart, dêrom faaks de namme (board).
- De Fûke - De ielhannel hat foar Warkum fan grut ekonomysk belang west. Fan 1844 oant likernôch 1900 hat de Warkumer ielhannel in grutte bloei kend. In fûke wurdt brûkt foar de ielfiskerij yn de binnewetters.
- Doltewâl - Neamd nei de Djippe Dolte. "Dolte" komt fan it tiidwurd "dolle" (grave). Op de âldste kaarten komt de foarm "Delft" foar. Yn it oarkonde fan 1485 stiet "Da Delta Wal".
- Douwe de Boerstrjitte - Fersetsman. Fan berop post. Omkommen yn Kamp Vught.
- Dwarsnoard - Sûnt de twadde helte fan de 18e iuw wurdt dizze namme brûkt. De strjitte stiet dwers op de strjitte it Noard.
- Eize Speerstrastrjitte - Fersetsman. Garaazjehâlder.
- Emmabuert - In jonge yn de folksmûle libjende namme, dêr't de oarsprong net fan bekend is.
- Eniggaburren - Yn 1585 is it in buorskip dat oan in fuotpaad tusken Algeraburren en it Turflân leit.
- Estrikwurk - Yn de omkriten fan Eniggaburren stiet yn 1584 in bedriuw, dêr't estrikken makke wurde.
- Fabryksdyk - De dyk rint lâns it Warkumer suvelfabryk, eartiids bekend ûnder de namme "De Goede Verwachting".
- Fortún - Likernôch dit plak stiet foarhinne in sâltkeet mei de namme "Het Fortuin". De sâltwinning wie foar Warkum wichtige ynkomstenboarne. Yn in ferkeapingsbiljet fan 1825 stiet: "zeer groot uitgestrekt gebouw, waarin bevorens een zoutkeet is gedreven Het Fortuin genaamd... ...aan de oude weg en in de nabijheid der stad Workum aan de Diepe Dolte"."
- Fûgelikkers - De namme komt fan in stik lân yn it Heidenskip tusken de Beginegrêft en de Aldedyk, dat ûnderoaren yn 1761 bekend wie ûnder de namme it Fûgellân. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- Fûkepaad - "Fuijghe" is neffens in akte fan 1652 de namme fan in stik lân. It soe "fûke" betjutte en is dêrom hiel tapasselik foar in paad dat lâns it wetter rint.
- Gebroeders Bonnemastrjitte - Fersetsminsken. Hendrik en Gerben Bonnema.
- Gebroeders Koopmansstrjitte - Fersetsminsken. Sjoerd en Eeuwke Koopmans. Sjoerd wie lieder. Eeuwke wurke op it distribúsjekantoar en hat in soad minsken oan bonkaarten holpen. Letter siet er by de harkpost. Hy hearde de Dútskers ôf by de ferhoaren yn dy't yn it Burmaniahûs, it haadkantoar fan 'e SD yn Ljouwert plakfûnen.
- Gerrit de Jongstrjitte - Fersetsman.
- Hammole - De strjitte nêst de Hammole of Homolefeart, dêr't ek de polder mei de selde namme is. De betsjutting is net wis. Guon tinke oan it houtmole. Mar de mole dy't hjir stien hat wie in wettermole mei de namme Homme Eelkes mole. Faaks komt de namme fan "Homme mole", ferkoarte ta "Hom'mole" en ferfoarme ta "Hammole".
- Hans Deinumstrjitte - Fersetsman. Hat meidien oan de oerfal op de finzenis yn Ljouwert.
- Hearekeunst - In âlde namme, dêr't de betsjutting net fan bekend is. Neffens in ferklearring soene mannen fan kwizekwânsje mei harren hynders hjir keunstkes dien hawwe.
- Hearewei - Yn in akte fan 1627 giet it om in "helling aan Snackerburen...streckende voor van de Heerewech tot achter in de Delfte" (= de Djippe Dolte).
- Hegeterp - Yn 1585 wurdt al fan de terp melding makke. De terp lei by Tettingburren. Yn in stik foel op troch de hichte. Yn 1711 wurdt de terp oantsjut as "hooge terp."
- Hoekseize - By de pleats fan de famylje Haagsma-Breemer hearden fjouwer stikken lân fan seis pûnsmiet (Moleseize, Foarste seize, Middelste seize en Hoekseize). Alle stikken leine moai oan ien kavel. Op de hoeke fan dy kavel lei it stik lân mei de namme "de Hoekseize".
- Horsaewâl - De wei rint lâns it wetter de Hora(e). Yn 1468 komme wy it foar it earst tsjin. "Hors" betsjut faaks slib of ûndjipte en "a(e)" wetter. Dus "de wâl by it ûndjippe slibberige wetter". Guon sizze dat "hors" te krijen hat mei "hoars" (hynder). Dan soe it "de wâl by it hynstewetter" betsjutte.
- Houtmolestreekje - In smel paadsje tusken it Dwarsnoard en de houtseachmole. Foarhinne rûn de Djippe Dolte dêr lâns.
- Hylperdyk - De Iselmardyk lâns It Soal (Warkum) yn de rjochting fan Hylpen oan it Toarntsje (útsprekke as "Tointsje"). Toarntsje ("toorntsje") is âld Warkumers foar tuorke.
- Ielaak - De ielhannel hat foar Warkum fan grut ekonomysk belang west. Fan 1844 oant likernôch 1900 hat de Warkumer ielhannel in grutte bloei kend. In ielaak is in boattype, dêr't de iel mei ferfierd waard fan Heech, De Gaastmar en Warkum nei Londen. Warkumer ielaken leinen yn de Dutch Mooring net fier fan de Tower foar it Custom House by Billingsgate fishmarket yn Londen aan de Teems (Thames). Neffens in âld rjocht hienen de aken hjir in frij lisplak. Foarwearde wie dat op syn minst ien aak op dat plak lizzen bliuwe moast.
- Igleburren - In net mear besteande buorskip op in noch altiten besteande terp oan de (Igle-)Buorrefeart. Aldste fermelding yn 1585: Iglebuieren. Dat it in terp is docht bliken út "terplant aen Iglebuyrewarren." (1627. Yn 1962, 1964 en 2002 is archeologysk ûndersyk dien. De bewenners wiene feehâlders en der waard ek dien oan kalkbrannerij.
- IJpe Wielingastrjitte - Fersetsman. Haad oan de Kristlike skoalle fan Warkum.
- Inthiemasingel - Warkum waard oan de ein fan de 16e iuw en it begjin fan de 17e iuw troch trije magistraten út de famylje Van Inthiema. Alle trije hiene de namme Feike, mar dy waard feroare yn Frederick. Yn de Tachtichjierrige oarloch stride de earste Feike oan de kant fan de wettergeuzen. Oan ien fan dizze magistraten hat Warkum it moaie waachgebou te tankjen.
- It Fjouwerkant - Foarhinne koe men in kuierke meitsje om in gebiet, dat in fjouwerkant wie: Spoardyk-Parallelwei-Heidenskipsterdyk (no Eniggaburren-it Fjouwerkant)-Aldewei. Nei de oanlis fan de Sudergoawei is it part fan de Heidenskipsterdyk, dat foar it kuierke brûkt waard yn twaen snijd en krige oan de eastkant de namme Eniggaburren en westkant de namme it Fjouwerkant.
- Jonkersfinne - Yn in argyfstik fan 1754 wurdt dizze namme al neamd. It is in stik lân efter it "Van Inthiemahûs" dat op it Súd stie. De finne wie fan de Jonkers Van Inthiema. De stjritte "de Jonkersfinne" leit net op itselde plak as de Jonkersfinne fan eartiids. Wat hjoeddedei de Stedspôle neamd wurdt, wie foarhinne de Jonkersfinne. Doe't de stjritnamme betocht waard, wie dat net mear bekend. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee.
- Jouw Keuningstrjitte - Fersetsman.
- Jurjen de Jagerstrjitte - Fersetsman. Printe ûnderoaren de BBC berjochten.
- Kaeidyk - De namme komt al yn 1808 op in ferkeapingsbiljet foar as "Kaydijkje" en wie letter noch ûnder die namme bekend. De wei folget de kaai lâns It Soal (Warkum)
- Kalkwurk - Neamd nei de kalkbranderijen dy't foarhinne yn Warkum wiene. De âldst bekende datearret fan 1583. De kalk krige men troch it hyt meitsjen fan skelpen yn de kalkoenes, dy't stookt waarde op turf. Sa ûntstie de saneamde ûnleske kalk, dat mei wetter behannele waard.
- Kampwei - Neamd nei in stikje lân dat yn 1691 "De Kamp" hiet. It lei efter it eardere kleaster Mariënacker.
- Kleasterlân - De stikken lân efter dizze strjitte wiene foarhinne kleasterbesit fan it Beginekleaster Mariënacker. Oant yn de 17e iuw waarden it de "Cloosterlanden" neamd.
- Koffepaed - De namme is ôflaad fan de Koffefinne, neamd yn 1741 as in stik lân ûnder jurisdiksje (rjochtsgebiet) fan Warkum. Yn 1761 wienen der yn Warkum 66 kofskippers. In soad koffen waarden der yn Warkum boud. It paad leit oan de Djippe Dolte, dêr't sûnder mis in soad kofskippen trochhinne fearn binne.
- Konvintsdyk - Yn dit gebiet komme yn 1619 de nammen "de Conventscamp" en "de Conventsfenne" foar.
- Lange Leane - It is in âlde gongbere namme fan de langste wei troch it Warkumer Nijlân. Yn in dokumint út de 18e iuw wurdt it de "Groote Laan" neamd. Yn in akte út 1650 stiet de namme "Grote Maedwegh". It wurdt "maed" tsjut op healân. De ynpoldering fan it Warkumer Nijlân wie yn 1624 klear.
- Learmole - Likernôch op dit stee hat in mole stien, dy't op 16 april 1907 ôfbrând is. De lêste jierren wie it in iikmole, mar dêrfoar in learmole. Al yn 1776 wurdt der in "zeemtouwerij" op Tettingburren neamd. De "zeemleermolen" wurdt op in ferkeapingsbiljet fan 1820 neamd.
- Lieuwe Klazes Leane - Neamd nei Lieuwe Klazes Oegema/Ogema, ien fan de earste bewenners en eigener fan twa stikken lân yn de polder Warkumer Nijlân (bedike tusken 1621 en 1624). De beide stikken leinen fier fan elkoar ôf, mar troch dizze leane mei elkoar ferbûn.
- Lutswei - De wei rint lyk op mei de De Luts, ek wol Larts en Lerts neamd.
- Lynbaen - In âlde beneaming wie it "Baenspaed". Troch in útwreidingsplan kaam dat paad te ferfallen. Om it oantinken oan de lynbaan, dy't dêr al foar 1715 wie, te bewarjen, hat in nije strjitte yn dy omkriten de namme "Lynbaen" krigen. Yn 1824 wurdt te keap oanbean "eene kapitale overdekte lijnbaan en baanspad, geschikt tot het maken van de grootste touwwerken op de Snakkerburen over de Kettingbrug op het Zuideinde van Workum."
- Maedfinne - Yn de wenwyk "de Finnen" lei eartiids, blykt út in stik fan 1728 in stik lân mei de namme Maadfinne. "Maad" of "Mad" is it selde as "mêd", dat meanfjild betsjut. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee. Dizze finne waard dus net brûkt foar it weidzjen fan fee, mar waard brûkt as healân.
- Makkumerdyk - De dyk fan Warkum nei Makkum by de seedyk lâns.
- Marienacker - It is no de namme fan it tehûs foar de âlderein. De namme komt fan it kleaster "Mariënacker" of "Maryaeecker" dat yn de earste helte fan de 15e iuw stiften is. It lei tsjin de eastkant fan de Djippe Dolte. Oant 1580 waard it bewenne troch de Beginen, de susters dy't neffens de tredde regel fan de hillige"Fransiskus fan Assisy libben.
- Merk - It sintrum fan Warkum. Neffens in dokumint út 1385 wie der doe al in plein dêr't merk holden waard. Op âlde 17e-iuwske kaarten stiet al de namme "Merckt".
- Moleburren - De namme komt fan de oaljemole "De Liefde" dy't hjir fan foar 1703 oant 1920 stien hat.
- Molewyk - By de Roggemolestege lei in wyk tusken de Wimerts en de roggemole.
- Mouterij - Yn Warkum wiene trije bierbrouwerijen, dêr't de mouterij in ôfdieling fan wie, dêr't it grôt in kiemproses ûndergie. De âldste fermelding datearret fan it jier 1643.
- Nijhuzumerdyk - De dyk fan de Trekwei yn de rjochting fan it doarp Nijhuzum.
- Noard - Ien fan de âldste strjitnammen, ûntstien yn de tiid doe't in oandúding fan wynstreken noch foldwaande wie. Foar 1870 rûn der oer it Noard noch in grêft mei de namme de Wimerts.
- Noarderwyk - In wei dy't leit op it plak dêr't eartiids in wyk lei tusken de Balkfinne en in Dwarsnoard. De wyk wie de ferbining tusken de Noarderhaven (Dwarsnoard) en de Pothúswyk. De namme fan dizze wei is foarme út nammen fan de Noarderhaven en de Pothúswyk.
- Nonnestrjitte - Oant de earste helte fan de 18e iuw hiet dizze strjitte "Nanningstrjitte", neamd nei in Nanning. Letter feroare "Nanningstrjitte" yn "Nannestrjitte" en wer letter yn "Nonnestrjitte". Se tochten doe oan de nonnen fan it kleaster Mariënacker (folksetymology).
- Panwurk - Al yn 1685 stie hjir in panwurk (dakpannefabryk). Oant 1911 hat it bedriuw bestien.
- Papeleantsje - Neffens oerlevering soene de Roomsk Katoliken yn de tiid, doe't de Roomsk-katolike tsjerke ferbean wie, hjir harren byienkomsten holden hawwe.
- Parallelwei - Dizze wei rint parallel mei it spoar (oanlein yn 1883).
- Patersrûntsje - Yn de tachtigerjierren fan de 20e iuw fytste de Warkumer pater hast eltse dei syn fêste rûntsje Warkum-Aldedyk-it nije fytspaadsje-Ursuladyk-Heidenskipsterdyk-Warkum. Dat waard al gau yn de folksmûle "it Patersrûntsje" neamd. It nije fytspaad tusken de Aldedyk en Ursuladyk (It Heidenskip) hat offisjeel de namme "it Patersrûntsje" krigen. Al earder wie dêr in bank del setten mei de namme "it Patersbankje".
- Pilekaen - In stege. Op de hoeke fan dy stege hat in "predikhuis" fan de Menisten stien mei it byld fan in pilekaan op it skoarstienboerd. Underoaren yn in stik út 1813 wurdt de stege de "Piellekanstieg" neamd. De pilekaan dy't har jongen, neffens in bekend foarstelling, mei har eigen bloed fiedet, waard it symboal fan jin sels opofferjen lyk as Kristus.
- Pilesteechje - In âlde, al yn in akte fan 1661 foarkommende namme. Oare skriuwwizen wiene: Pijlsteeg 1720 en Peelesteeg 1752. De betsjutting fan de namme is net dúdlik.
- Pothúswyk - In soad bedriuwen hiene troch in wyk (sydkanaal) ferbining mei it skipsfeartwetter foar de ôffier fan harren produkten. It noch altiten besteande "pothús" (mei de pot yn de gevel) stie troch de Pothúswyk yn ferbining mei de Djippe Dolte.
- Prystershoek - Eartiids wie dit de namme fan de iepening tusken de hjoeddeistige wenkearn Waldrikhiem en de âlde Roomsk-katolike skoalle Sint Ludgerus. Al yn de 18e iuw en mooglik noch earder wie dy namme al yn gebrûk. It wie it sintrum fan it Roomske libben yn Warkum (tsjerke, pastorij, skoalle en gesticht).
- Raardaburren - In al yn 1584 fermelde buorskip oan de noardkant fan Warkum, dêr't eartiids in tichelwurk stien hat. Ut de famylje Raarda stamde ûnderoaren de boargemaster Allardus Regneri Raarda dy't fan 1648 oant 1662 dat amt hie.
- Reidikkers - Dizze strjitte is neamd nei in stik lân mei de namme "het Reijdtlandt." Neffens in argyfstik út 1690 lei it lâns de "Wijdeslootswal" oan de westkant fan de stêd. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- Roggemolestege - Neamd nei de Roggemole, dy't oan de ein fan dizze stege stie. De namme is al in pear hûnderd jier âld. Foarhinne wie de stege ek ûnder oare nammen bekend, lyk as de âldst bekende: "Worcumer Bueresteegh"(1619). "Worcumerbueren" wie in wenkearn op in terp oan de westkant fan Warkum.
- Sânbank - De strjitnamme Sânbank (yn it plan "it Soal") is neamd nei de Sânbank, dy't leit yn de Iselmar oan de noardwest kant fan Warkum. By eb koene de ielaken hjir net oerhinne komme en moast sadwaande wachtsje op floed.
- Schoolstraat - Ien fan de net-Fryske nammen yn Warkum. Te tankjen oan de âldste beukerskoalle, de "Christelijke Bewaarschool", dy't dêr stien hat.
- Séburch - Neamd nei de yn 1856 boude en nog hyltiten besteande seemansherberch. Dizze stiet foarhinne út twa ôfdielings. Under foar it seemansfolk en boppe de sosiëteit foar de gewoane boargerman. "De Harmonie" op de Merk wie de sosiëteit foar de elite.
- Seilmakkerij - Foarhinne in bedriuw dêr't se seilen makken foar de kof- en smakskippen, dy't yn de 17e iuw en 18e iuw op de Warkumer skipshellings makke waarden. De skippen fearen op lannen lyk as Frankryk, Spanje, Portegal, Noarwegen en de lannen oan de Eastsee.
- Sietze Gorterstrjitte - Fersetsman. Hat in soad Joaden yn feiligens brocht.
- Sint Annafinne - Yn 1728 wie dit in stik lân fan twa pûnsmiet, dat op de noardkant fan de Yskebuorrefeart lei. Yn 1728 stie der in yn 1675 boude nôtmole op mei de namme de Warkumer "noorder roggemolen" (1727). Omdat de mole te min belestingsinten opbrocht waard it troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ferbean de mole noch langer as nôtmole te brûken. Sadwaande komme wy de mole yn it Cohier fan 1738 tsjin as "pelmolen". Yn de rin fan de 18e iuw is de mole ferdw^n. Warkum hat yn de "capelle op 't Noord" (yn 1580 yn Protestanske hannen oergien)in klok hân, dy't wijd wie oan Sint Anna. Dy klok is frjemdernôch getten yn 1633, dus nei de reformaasje en hinget no yn de tsjerketoer fan Nieuw Vennep. Mûlk hat it earmelân west.
- Skarfinne - Skarren komme yn de omkriten fan Warkum en yn It Heidenskip in soad foar. It hat te krijen mei it ynskarren fan fee. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee.
- Skelpebank - De strjitnamme Sânbank (yn it plan "it Soal") is neamd nei de skelpebank op de Warkumerwaard. De skelpebank ûntstie nei de ôfsluting fan de Sudersee. De drûchfallen waard is no in unyk natoergebiet, dêr't jierliks likernôch 2000 wytstirns briede. It is de grutste briedkoloanje fan Jeropa.
- Skil - Skil binne fynmakke skulpen. It wie in skelpepaad.
- Slinkewei - Neamd nei de wettergeul de Slinke, dêr't foar de ôfsluting fan de Sudersee troch eb en floed it wetter út en yn streamde. It lei likernôch op it selde plak as dat de wei no rint.
- Snakkerburren - In hiele âlde namme, al yn it akte fan 1618 neamd. Oer de betsjutting is gjing wissichheid. Guon lizze ferbân mei de skerpe bocht yn de Djippe Dolte op dat plak. Ek op oare plakken yn"Fryslân komt dizze namme foar, lyk as Snakkerbuorren by Ljouwert.
- Soalsdyk - Rint lâns It Soal (Warkum), it kanaal dat Warkum mei de Iselmar ferbynt. In soal is in farwetter.
- Spoardyk - De orizjinele âlde beneaming fan de wei nei it stasjon Warkum. It âlde stasjon wie yn 1885 klear, mar waard yn 1973 ôfbrutsen.
- Stedsfinne - Dizze namme lêze wy ûnderoaren yn in akte fan 1761. It is in stik lân, dat foarhinne fan de stêd wie. Ek waard it wol "Keetfinne" neamd, der stie nammentlik op dit stik oan de Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee.
- Stienikkers - Under Warkum lei in stik fan likernôch 1 hektare, dat yn in akte út 1695 it "Steenland" neamd wurdt. At de grûn fol stien siet of dat de klaai brûkt waard foar it bakken fan stiennen, is net bekend. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- Stokerij - Warkum hie yn it ferline in pear jeneverstokerijen. De âldst bekende datearret fan 1676.
- Súd - Ien fan de âldste strjitnammen, ûntstien yn de tiid doe't in oandúding fan wynstreken noch foldwaande wie. Yn in akte fan 1583 wurdt it "het Suid ent" neamd. Foar 1956, doe't de strjitnamme "Súd" offisjeel ynfierd waard, neamden in soad Warkumers dit "it Suien". Foar 1870 rûn der oer it Súd noch in grêft mei de namme de Wimerts.
- Sudergoawei - In provinsjale wei, dy't fan Boalsert nei de Lemmer rint. Yn de 13e iuw waard dit part fan Fryslân Sudergoa neamd.
- Suderséleane - De leane rint fan Warkum nei de Iselmar, de Sudersee fan foarhinne.
- Sylspaed - Yn 1585 al sa neamd. It paad fan Warkum nei de syl (de slús).
- Tademahof - Yn in stik út is weeshûsargyf fan it jier 1711 wurdt praat fan siedlân, lizzende op de Hege terp (sjoch de strjitnamme "Hegeterp" by Tettingburren (ek in strjitnamme) nêst "Tademahof" (faaks in pleats).
- Taenderij - Plak om netten en seilen yn de taan te setten. Yn it gemeenteargyf sit in brief fan in jonge Warkumer seeman, dy't yn Algiers as slaaf yn de finzenis bedarre is. De brief datearret fan 10 maaie 1696 en hat as adres: "An de Eersame Weduwe A. Cornelis, woonagtig in de Taenstraat tot Worckum in Vrislandt." De taanderij wurdt yn in stik fan 1768 neamd: "Hoff en Taenderij, de Dolte (Djippe Dolte) ten noordwesten, de Burevaart (Buorrefeart) ten zuidwesten".
- Tettingburren - In hiele âlde namme fan ien fan de terpen oan de eastkant fan Warkum. Yn in oarkonde fan 1485, skreaun yn it Aldfrysk (oant 1498 de offisjele taal fan Fryslân waard in hûs mei lân te keap oanbean yn "Taetijngburen". It wie ien fan de Warkumer buorskippen.
- Thomashof - Op de stien yn de muorre fan de âlde pleats stie "Tomas Hof 1769". Thomas Jelles Hinlopen komt sûnt 1665 yn Warkum foar as grûnbesitter en oandielhâlder yn ferskate saten. De Hylper wie ryk wurden yn de houthannel. Tusken 1675 en 1681 hat hy in sate kocht yn Igleburren. Tusken 1708 en 1713 stjert er en erve syn bern Goyke, Dirk en Hester Hinlopen de 81 pûnsmiet grutte sate. Yn 1728 wurdt skreaun oer de "Thomas Jelles Hof".
- Tiaralaan - It troch de Warkumer strjitnammekommisje foarstelde "Tiaraleane" waard yn 1955 net troch it Warkums kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders net oer naam. Hja keazen foar "laan". Mei "Tiara" wurdt bedoeld professor Petreius Tiara (Piter Tsjeards), (Warkum, 15 july 1514 - Frjentsjer, 9 febrewaris 1586)Hy wie de earste Rektor Magnifikus fan de Leienske Akademy. Letter is er heechlearaar oan de Akademy fan Frjentsjer, de op ien nei grutste akademy fan Nederlân.
- Tichtset - Tichtset, in fertikaal fiskersnet fan de iene wâl nei de oare wâl.
- Tillefonne - It is de namme fan in stik lân by de tille. "Fonne" is de âlde súdwesthoekfryske namme foar "finne" (tink mar oan it Gaasterlânske en Hylperske "wy ronne nei de sonne"). Al yn 1584 wurdt praat oer de Inthiema- of Tillefenne. Letter is de namme oergien op de steech dy't fan de Merk nei dizze finne rint. Yn de 17e iuw en de 18e iuw wurdt de steech de "Tillesteeg" neamd. De tille lei oer de "Drûge Dolte" (drûch = ûndjip).
- Tjipke Visserstraat - It troch de Warkumer strjitnammekommisje foarstelde "Tjipke Visserstrjitte" waard yn 1955 net troch it Warkums kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders oer naam. Hja keazen foar "straat". Tjipke Visser (1876-1955) wie in ferneamde Warkumer byldhouwer, fier bûten Fryslân bekend. Hy wenne yn Bergen (Noard-Hollân). Tjipke Visser ha ûnderoaren it doopfont, in stoel en in searje houten byldsje foar de SintGertrudistsjerke yn Warkum makke.
- Trekwei - Sûnt it graven fan de Trekfeart nei Boalsert yn de 17e iuw wurdt it al sa neamd. De hynders fan it trekskip wiene de earsten dy't hjir gebrûk fan makken.
- Túnikkers - Neamd nei in stik lân tusken de Ikesleat en de Buorrefeart oan de súdeastkant fan de stêd. It wurdt yn âlde ferkeapboeken fan 1585 en 1657 as "Tuynacker(en)" fermeld. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.
- Turflân - In namme dy't sûnt it begjin fan de 19e iuw yn gebrûk is. Faaks waarden hjir de turven lost troch de turfskippers, dy't yn Warkum de branje brochten, dy't út Weststellingwerf en Drinte helle waard.
- Vicariswei - De namme komt fan "Vicariefinne", dat noch datearret út de tiid fan foar de reformaasje. Yn in oarkonde fan 1553 út it kleaster Mariënacker wurdt dit stik lân, grut 11 pûnsmiet (likernôch 4 hektare) neamd. Mar de namme komt letter ek noch wol foar, yn 1728. Dan stiet der in sâltkeet op dit stik lân net fier fan it kleaster.
- Waachfinne - De namme komt foar yn it stik fan 1728. Faaks hie it stik lân wat te krijen mei de hannelbedriuwichheid yn de stedswaach. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee.
- Weinmakkerij - Foarhinne makken se yn Warkum houten weinen, meastel bestimd foar it agrarysk bedriuw. Nei de motorisearring fan it ferfier is dêr in ein oan kommen.
- Weverswei - Ien fan de Warkumer gilden wie it weversgilde. It moat al ier in grutte bloei kend hawwe. In oanwizing fine wy in de bepaling út 1504, dêr't as lingtemaat de Warkumer jelne (70,9 sm.) as ferplichte steld waard foar hiel Fryslân. It waard in soad brûkt foar it mjitten fan lekken en linnen. Der is noch in Warkumer tongbrekkerssechje oer in wever:
- Wa wit wer't Wytse Watses wever wennet?
- Wytse Watses wever wennet wiet West Warkum.
- Wa wit wat Wytse Watses wever weeft?
- Wytse Watses wever weeft wite wollene wanten.
- Wa wit wer't Wytse Watses wever wennet?
- Wieger van Brugstrjitte - Fersetsman.
- Wiske - De âldste foarm is "ter Wisscha" (likernôch 1625). De betsjutting is faaks lege sompige greide. De Wiske is ferdield yn de Lytse- of Warkumer Wiske (lei yn de gemeente Warkum) en de Grutte- of Koudumer Wiske (lei yn de gemeente Himmelumer Aldeferd mei haadplak Koudum).
- Yttingwei - Yn de omkriten fan dizze wei leit in stik lân, dat foarhinne de Ytting neamd waard. It hat frij wis deselde betsjutting as "etting", dat gerslân betsjut. Alearen koene se foar it tiidwurd beweidzje ek wol it wurd "etten".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |