Smak
De Smak is in âld skipstype út de 18e en iere 19e iuw, oarspronklik út Nederlân. De smak wie in licht skip foar de kustfeart. De measte smakken koenen sa'n 60 ton fracht hawwe, mar de grutsten koenen oant 100 ton fracht ferfiere.
Bou
bewurkje seksjeDe romp wie foar en efter rûn, de boaiem wie frij plat. De smak wie fierder útrist mei swurden en hie in lytse roef, kombof en sliepplak foar de bemanning.
Mêsten en seilen
bewurkje seksjeSmakken wiene meastal twamêsters mei in grutte fokkemêst en in lytsere drúlmêst. Smakken hiene oarspronklik sprietseilen op beide mêsten, mar letter waarden hieltyd mear gaffelseilen brûkt. De fokkemêst mei spriet of gaffel droech it grutseil en somtiids ek it topseil boppeoan en staachfok. De boechspriet hie twa klúffokken. De drúlmêst droech ien drúl. Trochdat de drúlmêst flak foar de efterstjûne pleatst wie, stiek de drúl efter it skip út. De drúl waard oan de pappegaaistôk befêstige.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe smak wie fan oarsprong Nederlânsk, mar rekke letter ek ynboargere yn Dútslân. Smakken farden fan de seeën om it Ibearysk Skiereilân hinne oant Noarwegen ta, mar waarden dochs it meast brûkt foar de kustfeart op de lannen oan de Eastsee en de Noardsee.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|