De Luts
De Luts (ek wol De Larts of De Lerts) is in rivierke yn de gemeente De Fryske Marren.
De oarsprong fan de Luts wie yn de foarlêste iistiid. De Luts leit tusken twa rêgen fan balstienliem, dy fan Harich en dy fan Wikel. Doe't nei dy iistiid de temperatueren oprûnen, streamde it teiwetter troch dat natuerlike bêd. It rûn fan it hjoeddeiske lânhûs Kippenburch ôf yn de "Balkster Mar", it súdwestlike stik fan de Sleattemer Mar.
Tusken 1820 en 1830 is de Luts ferlinge, dat no rint dy fan de Sleattemer Mar, troch Balk nei De Holken. De Alvestêdetocht op redens brûkt ornaris dy ferbining om fan Sleat nei Starum.
De Luts is ek de namme fan it wetterskip besuden de Sleattemer Mar.