Wikel (plak)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Fryske Marren | ||||
Ynwennertal (2012) | 681 | ||||
Webstee | Webstek Wikel |
Wikel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan de Sleattemer Mar. It doarp hat likernôch 681 ynwenners (2012).


Tsjerke bewurkje seksje
Yn de buorren stiet de Fêste Boarchtsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e iuw. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit it oan de Menno van Coehoornbosk. Yn dy bosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, stie fan likernôch 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Dêr steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.
Mienskip bewurkje seksje
Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Pleatslik Belang syn gearkomsten. Basisskoalle De Reinbôge is de skoalle fan it doarp en It Kiedelstientsje it pjutteboartersplak. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.
Ferienings bewurkje seksje
- De Bargebeck - biljerten
- Melodia - muzyk
- Oan Set - damjen en skaken
- DTG - kuorbal
Befolking bewurkje seksje
Ferskaat bewurkje seksje
- Yn 2005 is der in boek oer de skiednis fan Wikel ferskynd.
- Bekende ynwenster is hurdrydster Marrit Leenstra
- Yn it tichteby lizzende natoergebiet de Sânpoel stiet ek in tsjasker.
Iepenbier Ferfier bewurkje seksje
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
Strjitten bewurkje seksje
De Finkebuorren, Dokter Hattinkstrjitte, Du Toursstrjitte, Festing, Gaastfjurwei, Heerenhoogwei, Iwert, J Hornstrawei, Jachtlustwei, Lijnbaan, Lunenburchpaad, Menno van Coehoornwei, Meerenstein, Munnikeleane, Sânmar, Vogelzangwei.
Sjoch ek bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|