Tichtset
In tichtset is in fertikaal fiskersnet fan de iene wâl nei de oare wâl. De bûtenste parten fan it net binne de skodden; it middenste is it tichtsetterskod. Oan wjerskanten fan it net, dat oan de boaiem tarint, wurde ielfûken setten. Tichtsetfiskerij bart meast nachts; men fangt de iel op de trek. Tichtsetfiskjen is al hiel âld.
It tichtsetterskod kin oant op de boaiem ta dellitte wurde. Ornaris wurdt nachts tichtsetfiske, dat foar de skipfeart wurdt it plak fan it tichtset oanjûn troch in read en wyt ljocht as it yn fiskjende tastân is, en troch in grien en wyt ljocht as de trochfeart frij is.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - tichtset
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|