Triatlon Warkum
De Triatlon Warkum (Nederlânsk en offisjeel: Triathlon Workum) is in sportevenemint dat sûnt 2014 elts jier yn 'e earste helte fan septimber yn en om 'e Fryske stêd Warkum holden wurdt. Eins is it gjin folsleine, mar in 1/8 triatlon, besteande út de ûnderdielen 500 m swimmen, 21 km hurdfytsen en 5 km hurddraven. It swimmen fynt plak yn bûtenwetter yn it sintrum fan Warkum, it hurdfytsen giet by de Iselmardyk lâns en it hurddraven giet troch de greiden, û.m. oer de Tillefonne.
Triatlon Warkum Triathlon Workum | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Warkum | |
tiid fan it jier | 1e helte septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (triatlon) | |
bestean | 2014 – no | |
offisjele webside | ||
www.triathlonworkum.nl |
Yn 2017 wurke de Triatlon Warkum foar it earst gear mei de Triatlon Wommels en de Triatlon Wytmarsum. Fan gefolgen waard der ek in mienskiplike kompetysje opset fan lju dy't oan alle trije eveneminten meidogge. Dy krige yn 2018 de namme Súdwest-Fryslân Triatlon Cup.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |