Triatlon Wytmarsum
De Triatlon Wytmarsum (Nederlânsk en offisjeel: Triatlon Witmarsum) is in sportevenemint dat elts jier yn 'e earste helte fan septimber of yn 'e lêste dagen fan augustus yn en om it Fryske doarp Wytmarsum holden wurdt. Eins is it gjin folsleine, mar in achtste triatlon, besteande út de ûnderdielen 500 m swimmen, 20 km hurdfytsen en 5 km hurddraven. Behalven yndividuële dielnimmers kinne dêr ek trijekoppige tiims oan meidwaan besteande út in swimmer, in hurdfytser en in hurddraver. Dêrnjonken wurdt tagelyk foar bern ek in saneamde kidsrun fan 1,2 km organisearre.
Triatlon Wytmarsum Triatlon Witmarsum | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wytmarsum | |
tiid fan it jier | ein augustus, begjin septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (triatlon) | |
bestean | 2013 – no | |
offisjele webside | ||
www.triatlonwitmarsum.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeYn it ramt fan it fjirtichjierrich bestean fan Wetterpark Mounewetter yn Wytmarsum, waard op snein 8 septimber 2013 foar de earste kear de Triatlon Wytmarsum holden. De organisaasje fan dat evenemint kaam ta stân troch gearwurking tusken Sportdoarp Wytmarsum e.o., Fysio Wytmarsum, Doarpsbelang Wytmarsum en Wetterpark Mounewetter. It waard finansjeel mooglik makke troch bydragen fan ferskate sponsors. Foarôf rekkene men op sa'n 90 dielnimmers, mar úteinlik giene mear as 200 atleten fan start.
Mei troch de positive reäksjes fan sawol dielnimmers as frijwilligers waard neitiid besletten om fan 'e triatlon in jierliks evenemint te meitsjen. Oan 'e twadde edysje, op 31 augustus 2014, diene mear as 250 sporters mei, dy't út hiel Nederlân ôfkomstich wiene.
Fan 2015 ôf kaam de startlokaasje fan 'e triatlon yn 'e Wytmarsumer Feart te lizzen, dêr't it swimmen plakfynt. De wikselsône waard doe ferpleatst nei it terrein fan it bedriuw Demmink Mechanisatie, dat fuort njonken de feart leit. Logistyk sjoen wie dat in hiele ferbettering, mei't it publyk doe by it hiele swimparkoers lâns, oan 'e finishline ta, de dielnimmers folgje koe. Datselde jiers waard ek foar de earste kear in kidsrun holden foar bern fan 6 oant 12 jier. Dy giet dwers troch Soarchsintrum Aylva State, dêr't de jonge atleten troch âlden en pakes en beppes oanmoedige wurde kinne.
Yn 2017 waard it fiifjierrich bestean fan 'e triatlon fierd. Dat jier wie der ek foar de earste kear gearwurking mei de Triatlon Warkum en de Triatlon Wommels. Fan gefolgen waard der ek in mienskiplike kompetysje opset fan lju dy't oan alle trije eveneminten meidogge. Dy krige yn 2018 de namme Súdwest-Fryslân Triatlon Cup.
Rekôrs
bewurkje seksje- manlju: 0:55:21, Rutger Duursma (Grins), edysje 2018
- froulju: 1:01:46, Marjan Andringa (Marrum), edysje 2019
- tiims: 1:00:57, Team NNZI (Arum), edysje 2019
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|