Súdwest-Fryslân Triatlon Cup
De Súdwest-Fryslân Triatlon Cup (Nederlânsk en offisjeel: Súdwest-Fryslân Triathlon Cup) is in mienskiplike kompetysje fan:
- de Triatlon Warkum (1/8 triatlon);
- de Triatlon Wytmarsum (1/8 triatlon);
- de Triatlon Wommels (1/4 triatlon).
Súdwest-Fryslân Triatlon Cup Súdwest-Fryslân Triathlon Cup | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Warkum, Wytmarsum, Wommels | |
tiid fan it jier | 1e helte septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (triatlon) | |
bestean | 2017 – no |
Dy trije eveneminten wurde yn 'e earste helte fan 'e moanne septimber holden yn 'e Fryske doarpen Wytmarsum en Wommels en de stêd Warkum, dy't sûnt 1 jannewaris 2018 allegear yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân lizze. Yn 2017 ûntstie der foar it earst gearwurking tusken de trije triatlons, wêrby't ek in mienskiplike kompetysje opset waard foar dielnimmers dy't oan alle trije eveneminten dielnamen. Yn 2018 krige dy mienskiplike kompetysje de namme 'Súdwest-Fryslân Triatlon Cup'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |