De Triatlon Wommels (Nederlânsk en offisjeel: Triathlon Wommels) is in sportevenemint dat sûnt 2012 elts jier op in sneon yn 'e earste helte fan septimber yn en om it Fryske doarp Wommels holden wurdt. It wurdt organisearre troch de stifting Organisaasje Triatlon Wommels yn gearwurking mei Swimbad De Klomp.

Triatlon Wommels
Triathlon Wommels
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
tiid fan it jier 1e helte septimber
bysûnderheden
soarte evenemint sport (triatlon)
bestean 2012 – no
org. troch Org. Triatlon Wommels
offisjele webside
www.zwembaddeklomp.nl/triathlon

Eins is it gjin folsleine, mar in 1/4 triatlon, besteande út de ûnderdielen 1 km swimmen, 40 km hurdfytsen en 10 km hurddraven. It swimmen fan 'e 1/4 triatlon fynt plak yn bûtenwetter. It is ek mooglik om mar 1/8 triatlon te dwaan; dêrfoar kin by it swimmen keazen wurde út bûtenwetter of it bûtenbad fan Swimbad De Klomp. (It swimbad hat datoangeande in dielnimmerslimyt fan 30 persoanen.)

Fierders wurdt op 'e freedtejûns foarôfgeande oan 'e triatlondei de Triatlon Wommels foar de Jeugd holden. Dat is in 1/32 triatlon foar bern fan 8 oant 12 jier holden, besteande út 125 m swimmen, 5 km fytsen en 1,25 km draven.

Yn 2017 wurke de Triatlon Wommels foar it earst gear mei de Triatlon Warkum en de Triatlon Wytmarsum. Fan gefolgen waard der ek in mienskiplike kompetysje opset fan lju dy't oan alle trije eveneminten meidogge. Dy krige yn 2018 de namme Súdwest-Fryslân Triatlon Cup.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: