Wytmarsumer Feart
De Wytmarsumer Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Boalsert oer Wytmarsum mei in grutte bôge nei it westen njonken de Schuttedyk en de Penjumer Gouden Halsbân nei de buorskip De Blokken tusken Penjum en Kimswert.
By Wytmarsum hjit it ferlingde fan de Wytmarsumer Feart nei Penjum de Penjumer Feart.
De namme Wytmarsumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Witmarsumervaaart.