Warkumer Trekfeart

De Warkumer Trekfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De trekfeart rint fan Warkum nei de stêd Boalsert yn it noarden. De feart rint bylâns de N359 en giet troch Parregea en Tsjerkwert. Sydfearten binne de Nijhuzumer Feart, de Yndyk en it Van Panhuyskanaal en de Bluodderige Feart.

De Warkumer Trekfeart by Tsjerkwert (2009)
De Warkumer Trekfeart by Parregea (2007)

De namme Warkumer Trekfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Workumer Trekvaart.