Yndyk (Koudum)
Yndyk is in wetter dat tusken Hylpen en Koudum rint mei in lingte fan 4 km. It wetter begjint yn Hylpen by de ferbining mei de Sylroede en giet ûnder it spoar Starum-Warkum troch. By Koudum komt de Yndyk út by De Grûnzen en de Krússleatsbrêge. Dat is de krusing mei De Grûnzen. Dêrnei krijt it de namme Krússleat dy't yn de Moarre út komt. Oer de Peale Sleat is der ferbining mei de Westerfeart en mei de Sylroede is der ferbining mei de Easterfeart. De Yndyk is part fan de rûte fan de Alvestêdetocht.
De namme Yndyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Indijk.
Galery
bewurkje seksje-
Yndyk yn Hylpen nei it westen ta sjoen
-
Yndyk y Hylpen nei it easten ta sjoen
-
Brêge oer de Yndyk yn Hylpen, lofts de Sylroede, de Alvestêdetocht fan 1956
-
Brêge oer de Yndyk yn Hylpen, de Alvestêdetocht fan 1954
-
De Yndyk by it earderee Stedhûs fan Hylpen