Skipstimmerwerf "De Hoop"
De Skipstimmerwerf "De Hoop" yn Warkum is in yn 1693 stichte skipswerf, lizzend by de skutslûs dêre.
Skipstimmerwerf "De Hoop" | ||
bouwurk | ||
Skipstimmerwerf "De Hoop" yn 2011 | ||
lokaasje | ||
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Warkum | |
adres | Séburch 5 | |
koördinaten | 52° 58' NB 5° 26' EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | skipswerf | |
boujier | 1693 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 387988 | |
kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe skipstimmerwerf "De Hoop" waard yn 1693 stifte troch Juntien Reijnders, neist de doe al besteande skutslûs yn Warkum. Hy liet de timmerskuorre sette, dêr't yn dy tiid koffen en kagen boud waarden. De werf waard yn de 19e iuw fernijd en yn de santiger jierren fan de 20e iuw restaurearre. It kompleks bestiet út in wenning, in hellingskuorre, in timmerwerf en in skipshelling. Op de werf waarden yn de rin fan har bestean benammen houten fiskersskippen boud, lykas "boeiers, blazen, skokkers, aken, tsjalken en skûtsjes".[1]
Yn it begjin fan de 20e iuw wreide de destiidske eigener, Ulbe Zwolsman, it bedriuw út mei in izerwerf. Hjir boude hy trije kustfarders, de earste izeren skippen fan Fryslân.[2] Omdat Zwolsman gjin tastemming krige om syn werf út te wreidzjen en omdat ek de skutslûs net fergrutte wurde koe, skeakele Zwolsman dochs wer oer op de bou fan houten skippen. Nei it ferstjerren fan syn soan yn 1973, dy't de werf yn 1942 oernomd hie, drige it hiele kompleks sloopt te wurden. De yngenieur en arsjitekt Reid de Jong, bewenner fan de fjoertoer fan Warkum, wist sloop foar te kommen. Hy ûntwikkele in plan om de gebouwen te renovearjen. De renovaasje barde yn de jierren 1976 en 1977.[3][4] Dêrnei waard de werf brûkt as reparaasje- en nijbouwerf foar histoaryske skippen. Yn 2009 waard de werf útwreide mei de Blazerhaven, dy't as "museumhaven" brûkt wurdt. Yn de haven leit ûnder mear in noch troch Ulbe Zwolsman boude blazer TX 11 foar in fisker út Teksel.[2] De timmerskuorre soe, neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod, de âldste noch besteande fan West-Europa wêze.
It hiele kompleks is ûnder mear om de unisiteit fan de timmerloads, de âlderdom en de histoarje, de kompleetheid en de ferwevenheid mei de skiednis fan Warkum erkend as in ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|