De Sulveren Sries is in jierlikse priis fan de provinsje Fryslân. Mei de Sulveren Skries wol it SANL it (agrarysk) natoer- en lânskipsbehear in stimulâns jaan. De priis wurdt útrikt troch de provinsje foar it bêste inisjatyf op it mêd fan (agrarysk) natoer- en lânskipsbehear. De priis is makke troch Saskia Zuiderduin.

Sulveren Skries

It giet om aktiviteiten dy't yn dat jier begûn binne of dien binne en boppedat in foarbyldfunksje hawwe, of fernijend en effektyf binne. Projekten, persoanen of organisaasjes kinne nominearre wurde. De Sulveren Skries is in inisjatyf fan it Gearwurkingsferbân Agrarysk Natoer- en Lânskipsbehear (SANL). It SANL is in gearwurkingsferbân fan de provinsje Fryslân, Lânskipsbehear Fryslân, it BFVW, Steatsboskbehear, Natoermonuminten, It Fryske Gea, BoerenNatoer, LTO-noard en Tsjinst Lanlik Gebiet.

Neist de útrikking fan de Sulveren Skries binne der ek trije jildprizen mei in wearde fan € 2.500,-, € 1.000,- en € 500,-, Oersjoch fan de winners:

Jier Winner foar
2016 Boskwachters Arno Paulus en Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear yn Noard-Fryslân Kwaliteitsferbettering Surhuzumermieden
2011
2010 stichting Skalsumer Natuurbeheer duorsum buorkje stypje
2009 Stichting Skalsumer Natuurbeheer greidefûgelbehear
2008 ‘Noardlike Fryske Wâlden - Takomst foar in unyk lânskip' lesprogramma foar basisskoallen
2007 Hessel Agema foarljochting greidefūgelfreonlik buorkjen
2006 Skriezekrite Idzegea gearwurking mai alle belutsen partijen
2005
2004
2003 Ecolana Holwert kreëaren brakwetterfloara
2002 Koördinaasjegroep Skries 'Skriezekriten' ta behâld fan skriezen
2001 Waterlander en Leenstra Meantreppenpakket foar greidefûgels
2000 Anne Venema jeugdsoarchprojekt
1999 Agraryske Jongerein Fryslân benadering jonge boeren fan “binnenút” en net “fanút it belied”

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: