Saskia Zuiderduin
Saskia Zuiderduin (Haarlim, 11 augustus 1951) is in keunstneresse en edelsmid út Rûgehuzen. Se krige har oplieding oan de fakskoalle yn Schoonhoven. Sûnt 1973 wurke se yn har atelier yn Snits en krige yn 2004 in nij atelier yn Rûgehuzen.
Troch it bewurkjen fan har materiaal, faak edelmetaal wol se ek spoaren fan har eigen enerzjy sichtber meitsje. Troch in eigen wize fan fyljen, seagjen en pûnsjen ûntstiet alle kearen in sieraad mei in unyk karakter.
Se mei graach archetypen en symboalen brûke dy't gefoelsassosjaasjes oproppe. Yn 2008 wurke se gear mei twillingsuster Gusta Zuiderduin, in keunstneresse yn filt, wol en side.
Yn 1998 wûn hja it Nasjonale Diamant Konkoers. Saskia Zuiderduin wurket ek yn opdracht. Sa makke se yn 1998 in gelegenheidsleppel foar de Provinsje Fryslân. By it grutte publyk is se bekend troch it meitsjen fan de Sulveren Skries (1999). Dy priis wurdt jierliks útrikt foar it bêste inisjatyf op it mêd fan (agrarysk) natoer- en lânskipsbehear. Fierders makke se boargemasterkeatlings foar de gemeenten Wymbritseradiel en Snits. It Frysk Museum hat sulveren skalen fan har oankocht. Tentoanstellingen fan Zuiderduin wienen op de Holland Art Fair en it Vos Maupertuus Grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |