Snitser Fiifgea
De Snitser Fiifgea waard foarme troch fiif doarpen benoardeasten de stêd Snits:
De fiif doarpen waarden al yn 1452 oantsjut as in dae Ffiiffgeam. Letter is de tafoeging Snitser der by kaam ta ûnderskied mei oare fiifgeaen.
De Snitser Fiifgea hat lang part fan de gritenij en gemeente Wymbritseradiel west, mar it foarme al wat in útherne, oan de oare kant Snits. Ein 19e iuw is sels útsteld de fiifgeaen oergean te litten nei de gemeente Raerderhim, om't it gebiet ek part is fan de Raerderhim, mar dat is net bard. Yn 1984 binne by de gemeentlike weryndieling de doarpen Loaiïngea en Offenwier oergongen nei de gemeente Snits.