Berend Joukes Fridsma

Berend Joukes Fridsma (Skearnegoutum, 15 jannewaris 1905 - Grand Rapids (Michigan), 12 oktober 2005) wie in taalkundige en dichter.

Berend Joukes Fridsma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 jannewaris 1905
berteplak Skearnegoutum
stoarn 12 oktober 2005
stjerplak Grand Rapids
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar
aktyf as taalkundige, dichter, Frysk taalaktivist

Libben bewurkje seksje

De húshâlding Fridsma emigrearre yn 1910 nei de Feriene Steaten. Fridsma waard mei 29 jier lid fan de Fryske Krite 'Gysbert Japiks' yn Grand Rapids.

Fridsma wie heechlearaar Dútsk oan Calvin College yn Grand Rapids Michigan, fan 1956 oant 1970, grûnlizzer fan it Frysk Ynformaasjeburo (Frisian Information Bureau, 1943-1984), redakteur fan Frisian News Items en strider foar de Fryske saak yn Amearika. De aksje foar Fryslân is te begripen út Fridsma’s kristlike eftergrûn: it sykjen fan gerjochtichheid. Al ier lid fan it Kristlik Frysk Selskip hat er de Fryske Beweging breder opfette as allinne mar in taalbeweging.

Hy publisearre yn Fryske tydskriften en skreau oersjoggen fan Fryske literatuer yn Amerikaanske ensyklopedyen. Yn 1991 waarden syn oantinkens en in bondel fersen útbrocht.

Fridsma en in tal meistanners en syn ideële meistrider Lolle Piers de Boer pleiten yn 1943 by it Nederlânske regear yn Londen foar mear autonomy foar it Fryslân fan nei de Twadde Wrâldoarloch.

Sitaat bewurkje seksje

  • 'De Friezen wurde krekt sa diskriminearre as de negers' [1]

Oar wurk bewurkje seksje

  • The place of the Frisians yn Dutch history (1928)
  • Twaklank: in mannich fersen, oarspronklik en oerset. (1991)
  • De nea ferbrutsen bân. 60 jier Fryske Aksje yn Amearika. Autobiografy (1991). De Tille, Ljouwert

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oanhelle yn Kousbroek, Rudy (1986/2008) De logologische ruimte : Opstellen over taal, s. 103. Amsterdam : Athenaeum Boekhandel Canon. ISBN 978 90 8964 002 4. (Google Books)