Frysk Ynformaasjeburo
It Frysk Ynformaasjeburo (Frisian Information Bureau) yn Grand Rapids, Michigan, Feriene Steaten, wie in ynstelling dy't ta doel hie om de kennis oer de Fryslannen út te dragen. It Ingelsktalige Frisian News Items wie ien fan dy middels. It jaan fan ynljochtings en de útlien en ferkeap fan boeken wiene oare wizen om de Fryske saak ûnder in ferskaat oan publyk bekend te meitsjen. It Frysk Ynformaasjeburo bestie fan 1943 oant 1984.
Berend Joukes Fridsma en Lolle Piers de Boer wienen de grûnlizzers fan it Frysk Ynformaasjeburo.