Feriening Lytse Doarpen
De Feriening Lytse Doarpen wie de feriening fan mear as trijehûndert lytse doarpen yn Fryslân. De FLD stipe en stimulearre Pleatslike Belangeferienings foar it behâld en fergrutsjen fan de leefberheid yn de doarpen.
Yn 2006 is de FLD mei de Stifting Gearwurking fan Doarpshuzen yn Fryslân (SDF) opgien yn Doarpswurk. Doarpswurk is de stipefunksje foar de provinsje Fryslân. It haadkantoar sit yn Raerd.