Doarpswurk
Stifting Doarpswurk is in profesjonele organisaasje dy’t him rjochtet op it yn stân hâlden en stimulearjen fan de sosjale gearhing en de leefberheid fan it Fryske plattelân. Doarpswurk is in stipefunksje fan de provinsje Fryslân en bestiet sûnt 2006. It is it resultaat fan in fúzje fan de Feriening Lytse Doarpen (FLD) en de stifting Gearwurking fan Doarpshuzen yn Fryslân (SDF).
Doelgroepen binne doarpsbelangen en doarpshuzen. Doarpswurk hat as funksje:
- Stipe jaan
- Belangebehertiging.
- Minsken en inisjativen by elkoar bringe middels in plattelânsnetwerk en
- Fernijende projekten op gong bringe dy't op ûntwikkeling rjochte binne.
- Kennisynstitút.
Doarpswurk hat alve meiwurkers, fiif dêrfan binne regiokonsulinten dy ’t op fersyk ynformaasje en stipe by de bestjoeren ‘thús‘ bringe. It haadkantoar sit yn Raerd.