Meinte Jelles Abma (Folsgeare, 2 septimber 1930) is in eardere Nederlânske politikus fan it CDA.

Meinte Jelles Abma wie in soan fan Jelle Ruurds Abma en Doutje Tjitses Bouma. Hy groeide op op in pleats, krekt bûten Folsgeare.

Nei de Rehoboth-mulo en de A-ôfdieling fan de Ryks-HBS yn Snits trochrûn te hawwen, waard er folontêr op de gemeentesekretary fan Snits. Nei acht moanne waard er oerpleatst nei Schoonebeek dêr 't er hast in jier wurke, en dêrnei nei Zoelen (goed twa jier), Eibergen (in lytse trije jier) en Wateringen (goed trije jier).

Hy helle yn de jûnsoeren de diploma's Gemeente-administraasje I en Gemeente Finânsjes. Fan 1 july 1960 oant 1973 wurke er foar de gemeente Maartensdijk, it lêst as haad gemeentefinânsjes en loko-sekretaris. Yn dy tiid studearre er yn syn frije tiid rjochten yn Utert dêr't er úteinlik yn oktober 1970 syn doktoraal bestjoersrjocht helle mei as haadfakken steats- en administratyf rjocht.

Meinte Abma wie fan 1973-1981 boargemaster fan Hinnaarderadiel, fan 1979-1981 waarnimmend boargemaster fan Drylts, fan 1981-1995 boargemaster fan Wûnseradiel, yn 1998waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn 1999 waarnimmend boargemaster fan Skiermûntseach.

Priveelibben

Abma trout yn 1968 mei Gijsje Berdina Johanna (Bep) de Nooij, in ferpleechster, út De Haach. Sy adoptearje twa bern út Kreta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: