Abbegea

(Trochferwiisd fan Abbega)

Abbegea (Nederlânsk: Abbega) is in terpdoarp yn Súdwest-Fryslân, mei likernôch 261 ynwenners (2011). Oant 2011 lei Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Abbegea
De himrik fan Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel
De himrik fan Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 245 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8617
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 1' NB, 5° 34' EL
Gertrudistsjerke
Gertrudistsjerke
Offisjele webside
abbegea.frl
Kaart
Abbegea (Fryslân)
Abbegea

Abbegea leit oan de Twiska, krekt noardlik fan de Himdyk, en de Abbegeaster Opfeart foarmet de ferbining nei it noarden mei De Wimerts. Ta it doarp hearre ek de buorskippen Abbegeasterketting en Pikesyl (foar in part).

Oan de noardkant fan it doarp is in nijbouwyk. Men kin mei de boat oan Abbegea ta komme.

 
Abbegea

Abbegea is ûntstien op in terp tusken 1000 en 1200.

Eartiids wie hjir in parochy Gertrudistsjerke wijd oan de hillige Gertrudis. De herfoarme tsjerke is noch út de Midsiuwen. De toer hat in houten dakruter mei in klok út 1647. Sûnt 1989 is it âlde tsjerkepaad nei Westhim fernijd.

Gertrudislien

bewurkje seksje

By testamint bepaalde pastoar Goffa Adema (†* july 1508 ) de bestimming fan it Sint-Gertrudislien. It jild út de ferhier fan in oantal pleatsen moast te'n goede komme oan de neisieten. Binne dy der net dan meie oaren dit brûke om foar doomny te learen. De gemeente is mei de tsjerkefâden it bestjoer. De stifting hat in moaie drinkhoarn yn besit. Sjoch hjirfoar ek it boek:

  • H.Bolt - Geschiedenis van het Sint Geerttruidsleen te Abbega 1508 - 1933

It wetterskip Abbegea ûntstie doe't men oan it begjin fan de 20e iuw in bettere wetterbehearsking ha woe yn it gebiet fan it wetterskip De Skerwolder- en Moarra-Himmen.

Abbegea hat in feriening foar Doarpsbelang. De oranjeferiening fersoarget ien kear yn de twa jier de doarpsfeesten. Abbegea hat mei Folsgeare en Easthim it kontaktbledsje 'Kontakt'. Fierders hat it doarp in biljertferiening, frouljusklup "De Kwebbels", it Abbegeaster Skûtsje, wurkgroep Burenhulp, in âlderein- en jongereinsoas.

Yn 1983 krige Abbegea in nije basisskoalle: "Bernegea", dy't yn 2012 slute moast omreden it te lytse tal bern. De skoalle fusearre doe mei basiskoalle "East Kime" yn Easthim ta "East Kime/Bernegea". Yn 2015 moast dy skoalle lykwols ek slute en dy fusearre mei "De Gearrin" yn Folsgeare. Sûnt dy tiid hat dy skoalle it Yntegraal Bernesintrum (IKC) foar de trije doarpen west.[2] Yn 2018 moast dy lykwols ek slute en fusearre mei dy fan Nijlân.

Strjitten yn Abbegea

bewurkje seksje
 
Tsjerkepaad tusken Feytebuorren en Abbegea

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abbegea fan Wikimedia Commons.
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·