Sint-Petrustsjerke (Tsjerkwert)
De Sint-Petrustsjerke yn Tsjerkwert is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Tsjerkwert-Dedzjum. De tsjerke is in ryksmonumint.
Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Tsjerkwert | |
adres | Tsjerkestrjitte 8 | |
koördinaten | 53° 02' N 5° 30' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39432 [1] | |
Webside | ||
PKN Tsjerkwert-Dedzjum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeNei alle gedachten datearret it âldste diel fan de tsjerke út de 12e iuw.
Yn 1632 waard in klokkestoel boud. Om't de tsjerke jimmeroan brekfalliger waard is der yn 1641 besletten de tsjerke lytser te meitsjen. De klokkestoel waard yn 1830 ferfongen troch in koepeltuorke en yn 1888 waarden de westlike gevel en it koepeltuorke ferfongen troch de heal ynboude toer mei in ynsnuorre spits neffens it ûntwerp fan J. van Reenen. It skip fan dowestien waard doe ommitsele en it fiifsidige koer bepleistere.
Yn de toer hinget in klok út 1604 dy't getten is troch Gregorius van Hall. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere, mar is letter werom fûn.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur komt oerien mei in tradisjoneel kalvinistysk ynterieur út de 17e iuw. De tsjerke hat in houten tonferwulft út de 16e iuw. De preekstoel stamt út 1725 en hat foarstellings fan Abraham's offer, de ljedder fan Jakob en in seldsume foarstelling fan de likenis fan de splinter en de balke. De hearebank wurdt begjin 17e iuw datearre en waard neffens de wapenbuorden yn opdracht fan de doetiidske bewenners fan it Waltaslot, Pyter fan Heerma en Fockel fan Haytsma, boud. De wapenbuorden waarden yn de Frânske tiid fernield, mar binne by in restauraasje fan 1995 werom set.
Yn it koer ûnder it oargel is in grêfmonumint foar Watse fan Cammingha en Rixt fan Donia en harren bern. It grêf is net hielendal mear yn de oarspronklike steat, mar is yn 2004 restaurearre sa't it doe wie.
Meïnoar lizze oer de flier fan de tsjerke 44 grêfsarken. De âldste is fan 1525 en de jongste fan 1826.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1851 troch Van Dam boud. By de restauraasje fan 1961 waard it útwreide mei in frij pedaal. Ek is der doe in wynmotor oanbrocht.
Flearmûzen
bewurkje seksjeSûnt likernôch 1900 hûzet fan begjin april oant septimber tusken it ferwulft en it tek in kreamkoloanje fan hûnderten flearmûzen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|