Anabaptisten
Anabaptisten (letterlik: werdopers) is de namme dy't meast brûkt wurdt foar de earste Mennisten. Wat anabaptisten ûnderskate fan oare protestanten is harren lear fan de doop fan folwoeksenen; sy fersmieten dêrmei de bernedoop. Mei dêrom en fanwege polityk ferskil fan miening waarden se slim ferfolge troch de Roomsk-Katolike Tsjerke, mar troch de oare protestanten.
Anabaptisten komme fan 1530 ôf yn Fryslân foar. Sicke Frearks stoar as earste de marteldea op it plak dêr't harren lieder Menno Simons wenne. Der wienen freedsume (warleaze) anabaptisten en strange (revolúsjonêre) anabaptisten ofwol werdopers. De werdopers ferdwine koart nei 1536, de earste hjitte menisten en letter dopersken (Algemene Doopsgezinde Sociëteit (1811)). Oer harren libben skreau Ypk fan der Fear it boek De breugeman komt (1953). Dit boek waard yn 1956 oersetten yn it Nederlânsk.
Wat de grutdoop oanbelanget soe men se ta foarrinners fan it baptisme, de Evangelyske tsjerken en Pinkstergemeenten beskôgje kinne.
Bekende anabaptistenBewurkje
- Jan fan Batenburg (1495-1538), werdoper út de Nederlannen, lieder fan de Batenburgers of Swurdgeasten
- Balthasar Hubmaier (1485-1528), Eastenryksk teolooch
- David Joris (1501-1556), Flaamsk-Nederlânsk glêsskilder, rederiker, predikant en kristlik skriuwer
- Jan fan Leien (1509-1536), Dútsk skroar en predikant, foaropman fan de radikale werdopers en harren regear yn Münster
- Obbe Phillips (begjin 16e iuw), Nederlânsk barbier, lieder fan de Obbiten
- Menno Simons (sa.1496-1561), Nederlânsk reformator, lieder van de Mennoniten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|