Súdein is in delsetting en fjildnamme yn de súdlike himrik fan Twellingea yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De namme komt ek foar as Zuideind, 't Zuideinde, Het Zuiderende en De Súdein.

De huzen it Ges bylâns foarmen trije kommen. It noardlikst lei Toppenhuzen, dan súdliker Twellingea en fiest nei it suden de Súdein. De earste twa hawwe tsjerken, dat jilde as selsstannige doarpen. De Súdein hat gjin tsjerke, al hat der fier oan de sudkant al in Tsjerkesleat west, dat is soe kinne dat der al in tsjerke west hat. Dêrmei waard de Sudein letter beskôge as part fan de himrik fan Twellingea.

Sûnt de oanlis fan de (easter)brêgesleat is der in dúdlike skieding: De himrik fan Twellingea lei benoarden de sleat; de himrik fan de Súdein lei besuden de feart. Dat der letter in brêge kaam oer de feart, feroare dy sitewaaasje net. Yn de 1950-er jierren waard lykwols it Prinses Margrietkanaal oanlein, wat krekt wat súdliker troch de himrik kaam.

Mei dy oanlis waard it stik fan de Súdein benoarden it nije kanaal De Lytse Súdein en it gruttere, súdlike stik De Grutte Súdein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: