Easterbrêgesleat
De Easterbrêgefeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint bewesten Twellingea, mei it dea-ein fan de eardere Atesleat nei It Ges, en dêrnei troch de buorren fan Twellingea nei it súden en op it lêst nei it easten nei it Prinses Margrietkanaal.
De grûn foar de wat nuvere sigesage is dat eartiids de Easterbrêgefeart en de Westerbrêgefeart tegearre de ferbining foarmen tusken de Modderige Geau en it Aldhof. Mei de Tramwei De Jouwer - Snits waarden dat twa parten, en mei de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal waard de westlike útein fan de Easterbrêgesleat in haventsje. Mei de oanlis fan de A7, wie it eastlike part fan de Atesleat 'oer', dat dy binne ferbûn.
De namme Easterbrêgefeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oosterbrug sloot.