Modderige Geau
De Modderige Geau is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dizze brede feart is in diel fan it Prinses Margrietkanaal tusken Twellingea en it Krúswetter by de Houkesleat.
De namme Modderige Geau jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Modderige Geeuw.