Hermes fan Rome (? - 120) is in ierkristlike martelder en in hillige fan de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse Tsjerken. Syn namme wurdt yn it Martyrologium Hieronymianum neamd en ek yn it Depositio Martyrum' (354). Paus Pelagius liet om 600 oer syn grêf in grutte basilyk bouwe, dy't Adrianus I restaurearje liet. In katakombe oan de Via Salaria draacht syn namme.

Hermes fan Rome
   hillige
Byld fan de hillige yn de sint Hermes- en Aleksandertsjerke, Theux (B)
Byld fan de hillige yn de sint Hermes- en Aleksandertsjerke, Theux (B)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ?
berteplak Grikelân
stjerdatum ± 115
stjerplak Rome
hillichferklearring
hjeldei 28 augustus
hillichdom Sint-Hermesbasilyk, Ronse (B)
attributen swurd
patroan fan Ronse, (oarspr.) Twellingea

As patroanhillige komt Hermes net in soad foar. Sels yn katolike lannen binne it tal tsjerken dy't syn namme drage seldsum. Yn Nederlân hat allinne Twellingea in nei de hillige ferneamde tsjerke. Undersyk hat bliken dat it doarp foar de reformaasje Sint-Hermes as patroan hie en sûnt 2013 krige de eardere herfoarme tsjerke dêr de namme fan foar de reformaasje werom.

Yn de roomske rite wurdt syn feest op 28 augustus fierd. Op dy datum wurdt er yn it Martyrologium Romanum neamd. De ynlieding is as folget: "Op it tsjerkhôf fan de basilyk oan de Via Salaria, Sint-Hermes, martelder, dy't Grikelân neffens de wurden fan Sint-Damasus foarút stjoerde, mar troch Rome as harren ûnderdaan fêstholden waard doe't er stoar foar de hillige namme".

Syn bestean stiet fêst troch syn iere ferearing. De dieden dy't Hermes taskreaun wurde binne lykwols legindarysk. Yn de oerlevering wurdt Hermes as in ryk en frij man ôfskildere, dy't tagelyk mei syn gesellen troch rjochter Aurelianus ta de dea feroardiele waard.

 
Relykskryn fan Sint-Hermes

De oerlevering fan Sint-Hermes giet werom op in ferhaal dat foar it earst yn de 7e iuw opskreaun waard. Neffens dat ferhaal wie Hermes in hege romeinske stedsprefekt. Syn soan waard grutbrocht troch in boarstbringer, dy't fan blinens genêzen wie troch paus Aleksander I, de sechde biskop fan Rome. Hja wie in kristinne en doe't Hermes' jonkje slim siik woarde en de heidenske goaden him net better makken ek al offerden de âlders noch sa bot, brocht de boarstbringer de yntusken al ferstoarne soan nei Aleksander. Dy soarge foar in mirakel troch it jonkje wer op te wekken en út tankberens liet Hermes him mei syn frou en slaven en hiele hûs dope.

Doe't de keizer dat nijs hearde liet er harren oppakke en finzen sette en beweitsje troch de ofsier Quirinus. Nei't ek Aleksander de dochter fan Quirinus better makke, bekearde ek dy mei syn folk har ta it kristendom. Hja waarden allegear oppakt en troch Aurelianus ta de dea feroardiele. Hermes' suster Theodora soarge foar de begraffenis fan de martlers.

Yn de 9e iuw waarden reliken fan Hermes út Rome troch de biskop fan Salzburg meinaam nei it noarden. Ek yn Bamberg, Aken en Ronse (Belgje) kamen reliken fan de hillige telâne. Yn de Sint-Hermesbasilyk fan Ronse wurde yn in skryn syn reliken noch jimmeroan bewarre. Sûnt 1090 wurde dy dêr alle jierren yn in prosesje (Fiertelommegang) troch de stêd droegen.

Meastentiids wurdt Sint-Hermes as in romeinsk soldaat mei in swurd of martlerspalm foarsteld. Yn Ronse wurdt de hillige as romeinsk soldaat op it hynder útbylde, mei efter him de duvel oan in ketting.

Sint-Hermes wurdt oanroppen by geastessyktes en dwylsinnigens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: