Hermestsjerke (Twellingea)
De Hermestsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Twellingea en is sûnt 1983 ien fan de tsjerken fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Hermestsjerke | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Twellingea | |
koördinaten | 53° 00' N 5° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Hermes fan Rome | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1690 Toer: 1873 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39821[1] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Toppenhuzen-Twellegea | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke fan Twellingea ferfong yn 1690 de romaanske tsjerke, dy't út de twadde helte fan de 13e iuw datearre. De earste stien fan de tsjerke waard doe neffens in betinkingsstien yn de muorre lein troch Zeino fan Burmania, de soan fan de grytman. De sealtektoer bleau dêrnei noch in skoft stean en waard pas yn 1873 ferfongen. De âlde toer hat ek noch tsjinst dien as finzenis, lykas dat wol faker barde mei tsjerketuorren. By de bou fan de nije toer yn 1873 waard de tsjerke wat ynkoarte. Ut de âlde toer komt de klok, dy't yn 1787 getten waard troch L. Haverkamp fan Hoarn.
De tsjerke bleau de herfoarme tsjerke fan Twellingea oant 1983, doe't de Stifting Alde Fryske Tsjerke de tsjerke oernaam. De tsjerke waard yn de jierren 1992-1993 restaurearre. Ut ûndersyk fan dr. Jabik van der Bij die bliken dat Hermes fan Rome de Twellingeaster patroanhillige west hat. Yn 2013 krige de tsjerke de namme fan de âlde katolike patroanhillige fan foar de reformaasje werom.[2]
De Hermestsjerke wurdt brûkt foar eksposysjes en konserten, as aula en as der Frysktalige en oare bysûndere tsjinsten troch de PKN organisearre wurde.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe hearebank yn de tsjerke stamt út de âlde tsjerke en waard yn it earste fearn fan de 17e iuw makke. De preekstoel is fan 1675 en stie yn de tsjerke fan Ysbrechtum oant dy yn 1966 ferhûze nei Twellingea.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel is boud troch D.G. Steenkuyl fan Amsterdam. Oarspronklik boude dy it ynstrumint yn 1875 foar de kapel fan it Bernedoarp Neerbosch. Doe't dêr it oargel ferfongen waard troch in grutter ynstrumint, ferhûze it oargel nei de grifformearde tsjerke fan Beetstersweach. Yn 1968 waard it oargel oernommen troch de herfoarme gemeente fan Twellingea, dêr't it opboud waard troch Bakker & Timmenga. Foar dy tiid brûkte de gemeente in harmoanium.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|