Daniël Gerard Steenkuyl
Daniël Gerard Steenkuyl (1838 – 1921) wie in oargelmakker yn Amsterdam.
Wurkpaad
bewurkje seksjeSteenkuyl learde syn fak by de ek yn Amsterdam wurkjende Pieter Flaes. Yn 1889 sette Steenkuyl it bedriuw allinnich troch. Fan 1909 ôf arbeide er op mei Arie Recourt (1867-1941) dy 't doe syn kompanjon waard. Sy wurken ûnder de namme Steenkuyl & Recourt.
Yn de oargelbou smiet er it roer radikaal om. Wêr't Flaes noch hiel tradisjoneel te wurk gie, naam Steenkuyl ôfskied fan dizze tradysje en socht er nei nije konstruksjes en techniken. It oargel fan de Muidertsjerke yn Amsterdam wie yn 1893 it twadde oargel dat sa konstruearre wie. Efter in tradisjoneel front, wat nei de brân yn dizze tsjerke bewarre bleaun is, stie in pneumatysk twalklaviersk oargel mei ienI frijsteande spyltafel mei registerterrassen en registrearhelpen. Sa'n pneumatysk oargel hie yn Amsterdam in troch luchtdruk oandreaun regearwurk of traktuer (dat binne alle foarsjennings dêr't de oargelist it oargel mei bespilet) wêrtroch't it folle lichter spilet. Dat tradisjonele front waard troch [1] Kaat & Tijhuis, dy 't it front en wat piipwurk yn eigendom hie, yn de Grifformeard frijmakke "Goede Herderkerk" yn Emmen pleatst. Der waard in meganysk oargel achter it front boud troch dizze oargelbouwer.
Foar in klassyk muzykynstrumint mei âlde konstruksjes en leaden pipen wie amper plak yn it tinken fan Steenkuyl. Syn oanstriid ta modernisearring late op in soad plakken ta de ûndergong of slimme skeining fan âlde histoaryske oargels. Dat wurdt neamd yn it boekje oer de restauraasje fan de kas yn de Westertsjerke fan Inkhuzen [2] en it Grutte oargel yn de Westertsjerke fan Amsterdam. [3] Ek yn de Herfoarme tsjerke fan Grootebroek waard it oargel op dy wize ferboud. Dit fan oarsprong troch L.van Dam en Zonen boude oargel wachtet noch op restauraasje. In ynstrumint fan Steenkuyl wat noch te beharkjen is, stiet yn de eardere Gereformeerde Kerk oan de Keizergracht yn Amsterdam.
Bibliografy
bewurkje seksje- Orgelside Goede Herderkerk yn Emmen; mei foto fan it Steenkuyl-oargel nei de brân yn Amsterdam
- Gerestaureerd Steenkuyl-orgel in de Arminius Rotterdam weer in gebruik, orgelnieuws.nl, 9 septimber 2016, sjoen op 8 novimber 2021
- Seijbel, Maarten - Orgels rond het IJsselmeer, s. 113-115 ISBN 9033103729
- Prof. F.C. Stam - Het hoofdorgel van de Westerkerk te Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|