Tsjerke fan Aldehaske

De Tsjerke fan Aldehaske oan de Badwei yn Aldehaske is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Haskeroard. Fanwegen it oargel is de tsjerke in ryksmonumint.

Tsjerke fan Aldehaske
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Aldehaske
adres Badwei 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1906
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 526769 (oargel)
offisjele webside
Webstee PKN-gemeente

De âldste tsjerke fan Aldehaske wie mooglik 12e-iuwsk. De krekte lokaasje dêrfan is net bekend en likemin wannear't de tsjerke ferdwûn is. In twadde tsjerke stie op it tsjerkhôf en datearre yn alle gefallen noch út de tiid foar 1600. Dy tsjerke hie in tradisjonele eastlike oriïntaasje en waard yn 1776 nochris fergrutte. Mooglik waard doe ek it sealtek fan de toer ferfongen troch in spits.

Hjoeddeiske tsjerke

bewurkje seksje

De hjoeddeiske tsjerke stamt út 1906 en ferfong it tsjerkegebou op it hôf. De gevelstien mei de tekst "Dat uwe oogen open zijn nacht en dag over dit huis (1 Kon. 8:29a)" betinkt de nijbou.

 
Adema-oargel (mei it liturgyske sintrum foar de restauraasje fan 2006)

It oarspronklike ynterieur waard nei ferbouwings yn 1959 en 2006 feroare. Eartiids stie de preekstoel achter in doophek ûnder it oargel. Oan wjerskanten fan in middenpaad stienen de banken resp. stuollen. Yn 1959 krige de tsjerke in nije preekstoel en in nije rige banken sûnder middenpaad. Ek krige de tsjerke twa brânskildere ramen fan Jentsje Popma mei in foarstelling fan Genesis 1:3 en Jehannes 11:25. By de ferbouwing fan 2006 waarden de banken sloopt en ferfongen troch stuollen. Ek krige de tsjerke in nij liturgysk sintrum boud oan it midden fan de westlike muorre en de stuollen waarden om it liturgysk sintrum hinne opsteld. De brânskildere ramen krigen in plak yn de finsters oan wjerskanten fan it liturgysk sintrum. Ek krige de tsjerke nije bygebouwen.

It ienmanualige oargel fan de tsjerke is in ryksmonumint en waard yn 1869 boud troch de bruorren Adema út Ljouwert. Yn 1906 ferhûze Bakker & Timmenga it oargel nei de tsjintwurdige tsjerke. Bysûnder is dat der oan it ynstrumint gjin feroarings west ha. It ynstrumint slút oan by it wurk fan Fan Dam út de iere 19e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens