Flossenbürg (konsintraasjekamp)

Konsintraasjekamp Flossenbürg wie in Nazikonsintraasjekamp yn de regio Oberpfalz, Beieren yn Dútslân, tichtby de grins mei Tsjecho-Slowakije. It waard boud yn maaie 1938 fanwege Schutzstaffel (SS) út Flossenbürg. Oant de befrijing fan it kamp yn april 1945 hawwe dêr mear as 96.000 minsken fêstsitten. Likernôch 30.000 fan harren stoaren.

Oersjochfoto, makke by de befrijding yn april 1945
Krematoarium yn Flossenbuerg

Fan begjin ôf oan waard de finzenis as in konsintraasjekamp neffens it Dachau-prinsipe opset en tsjinne it yn it foarste plak foar it fêstsetten fan kriichsfinzenen út de besette gebieten yn it easten, mar der sieten ek 'a-sosjalen', 'kriminelen', homoseksuelen en in tal Jehova's Tsjûgen. De earste, meast Dútske finzenen bouden it kamp. It plak fan it kamp (en fan de 100 subkampen) wie sa útsocht dat de finzenen maklik as fergese arbeiders yn de pleatslike granytgatten en Messerschmitt-fabriken brûkt wurde koenen. Sy waarden ûnderbrocht yn sechtjin grutte houten barakken. It krematoarium lei yn in delling efter it kamp en wie foar de finzenen net direkt te sjen. De subkampen hienen oant seistûzen finzenen.

Tsjin 1945 sieten der 40.000 gevangenen yn it Flossenbürgkompleks; 11.000 wienen froulju. Sy wien twangarbeiders yn de stiengatten en yn de wapenyndustry. Lykas yn alle oare konsintraasje kampen wie ek yn Flossenbürg ûnderfieding, sykte en bealgjen skearing en ynslach. Dêr kaam de hurdens en wredens fan de beweitsers noch oerhinne. Dat byinoar koste in soad minsken it libben. Yn 1944 waard Flossenbürg in opliedingskamp foar frouljus bewakers fan de Waffen-SS. Totaal waarden 500 froulju oplaat en oan it wurk set, fral yn de subkampen van Flossenbürg. It tal foarbylden fan dy subkampen wienen: Dresden Ilke Werke, Freiberg, Helmbrechts, Holleischen, Leitmeritz, Mehltheur, Neustadt (ûnder Coburg), Nürnberg-Siemens, Oederan, en Zwodau.

Der wurdt rûsd dat tusken april 1944 en april 1945 1.500 deafonnissen útfierd waarden. Om dat oan te kinnen waarden seis nije galgen oprjochte. Yn de lêste moannen foelen der mear deaden as it krematoarium oan koe. Dêrom liet de SS de liken op bulten smite en dêrnei ferbaarne. Neist de deafonnissen easken it swiere wurk, syktes en te min iten ek hieltyd faker slachtoffers. Wa't yn it stiengat arbeide, hie trochsneed noch trije moannen te libjen. Fan ein 1944 ôf oerlibbe 1 op de 3 finzenen it wurk yn de stiengatten en de boskbou net.

Doe't iere april 1945 de Amerikaanske troepen hast oan it kamp ta wienen, fusillearre de SS generaal Hans Oster, admiraal Wilhelm Canaris, dûmny dr. Dietrich Bonhoeffer, dr. Karl Sack, dr. Theodor Strünck en generaal Friedrich von Rabenau, dy't belutsen west hienen by it komplot fan 20 july tsjin Adolf Hitler. De oaren waarden krekt foar de befrijing twongen om rinnendewei nei oare noch net befrijde kampen te gean. Uteinlik wiene dy marsen ornearre om de oerlibbenen te likwidearje. Sadwaande soene alle spoaren útwiske wurde. Sokke marsen krigen de namme deademarsen.

Kampkommandanten

bewurkje seksje

It Flossenbürgproses

bewurkje seksje
 
Tal des Todes mei monuminten

It Flossenbürgproses sette útein yn Dachau op 12 juny 1946 en einige op 22 jannewaris 1947.

Seisenfjirtich eardere stafleden fan konsintraasjekamp Flossenbürg waarden berjochte troch in Amerikaansk militêr tribunaal. Sy waarden oanklage foar it fermoardzjen, marteljen en ferhûngerjen fan harren finzenen. Op fiif persoanen nei waarden sy allegear skuldich achte. Fyftjin krigen de deastraf, alve libbenslange finzenisstraf en fjirtjen krigen finzenisstraffen fan ien oant tritich jier.

Holocaustmuseum

bewurkje seksje

Op 22 july 2007 waard in Holocaustmuseum iepene yn Flossenbürg. De plechtichheid waard bywenne troch 84 eardere finzenen. Ek de presidint fan Oekraïne, Viktor Jusjtsjenko, waans heit fiif moanne yn it kamp fêstsitten hat, wie dêrby oanwêzich.

  • Pascal Cziborra, KZ Flossenbürg. Gedenkbuch der Frauen. Lorbeer Verlag. Bielefeld. 2007 ISBN 978-3-938969-03-8
  • Kindle eBook, DEATH MARCH OF THE JEWS FROM THE CONCENTRATION CAMP AT FLOSSENBUERG, 1945, 2011

Keppelings om utens

bewurkje seksje